Yndyske trap
| Yndyske trap | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ardeotis nigriceps | ||||||||||||
| Vigors, 1831 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De Yndyske trap (Ardeotis nigriceps), ek wol grutte Yndyske trap neamd, is in fûgel út 'e famylje fan 'e trapfûgels (Otididae) dy't foarkomt op it Yndyske subkontinint. It is in grutte fûgel mei lange bleate poaten en hy heart ta de swierste fleanende fûgels fan 'e wrâld.
Eartiids wie de soarte algemien yn 'e drûge gerslannen en strûklannen fan Yndia. Yn 2018 waard it tal oerlibjende fûgels lykwols rûsd op mar sa'n 150 eksimplaren, wylst de populaasje yn 2011 noch op likernôch 250 fûgels rûsd waard. De grutte Yndyske trap is krityk bedrige troch de kombinaasje fan bejaging en it ferlies fan leefgebiet. De soarte wurdt yn Yndia beskerme ûnder de Indian Wild Life (Protection) Act fan 1972.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte Yndyske trap is in grutte grûnbewenjende fûgel dy't likernôch ien meter heech wurdt. De soarte is maklik te werkennen oan 'e swarte krún dy't sterk ôfstekt tsjin 'e ljochte kop en hals. It lichem is brúneftich, mei donkere en ljochte tekeningen yn it fearrekleed.

It mantsje hat in sânkleurich oant ljochtbrún fearrekleed. Yn 'e briedtiid ûntstiet in opfallende swarte boarstbân. De swarte krún wurdt dan by de balts opset, wêrtroch't de kop in noch opfallender uterlik krijt.
It wyfke liket op it mantsje, mar is lytser en minder kontrasteryk kleure. De ljochte kleur fan 'e kop en hals is by har minder suver wyt en de swarte boarstbân is swak ûntwikkele, ûnderbrutsen of hielendal ôfwêzich
De grutte Yndyske trap is nei de koaritrap (Ardeotis kori) en de grutte trap (Otis tarda) ien fan 'e grutste trappen fan 'e wrâld. It is de grutste lânbewenjende fûgel yn syn natuerlike ferspriedingsgebiet. De fûgel hat in lange hals en lange poaten, dy't goed oanpast binne oan it libben yn iepen, drûge lânskippen.
Mantsjes hawwe in goed ûntwikkele kielsek dy't by de balts en it roppen opblaasd wurdt. Dy sek fersterket de djippe, dreunende lûden dy't it mantsje makket om wyfkes oan te lûken.
Fersprieding en biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte Yndyske trap libbet yn drûge en healdrûge gerslannen, iepen gebieten mei stikelige strûken en hege gerslannen ôfwiksele mei lânbougrûn. De soarte mijt yrrigearre gebieten. De wichtichste briedgebieten lizze yn sintraal en westlik Yndia en yn eastlik Pakistan. Yn dielen fan Rajasthan binne drûge healwoastyngebieten troch yrrigaasjekanalen feroare yn yntinsyf brûkte lânbougebieten.
De grutte Yndyske trap kaam eartiids yn grutte dielen fan Yndia en Pakistan foar. Yn Yndia waard de soarte histoarysk yn 'e dielsteaten Punjab, Haryana, Uttar Pradesh, Madhya Pradesh, Chhattisgarh, Odisha, Andhra Pradesh, Radjastan, Gûdjarat, Maharashtra, Karnataka en Tamil Nadu oantroffen.
Hjoed-de-dei is it ferspriedingsgebiet beheind ta in pear isolearre gebieten yn Andhra Pradesh, Gujarat, Karnataka, Maharashtra, Madhya Pradesh en Rajasthan. Yn Pakistan komt de soarte noch foar yn it eastlike part fan it lân.
Yn 2013 waarden by in ûndersyk yn 'e Cholistan-woastyn fan Pakistan noch in pear fûgels fûn.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Yndyske trap is in allesiter. It iten bestiet benammen út ynsekten, wêrûnder foaral gaanders en imerkes (Orthoptera), mar ek krobben, ûnder oare soarten út it skaai Mylabris. Dêrnjonken yt de soarte gerssied, beien (benammen fan 'e skaaien Ziziphus en Eruca), kjifdieren en reptilen. Yn kultuerlân frette de fûgels ek fan gewaaks.
De briedtiid falt tusken maart en septimber. Yn dy tiid sette de mantsjes harren grutte, wite pronkfearren op en litte se dy sjen oan 'e wyfkes. By de balts blaast it mantsje syn kielsek op. Dy sek leit ûnder de tonge en kin sa grut wurde dat it liket as hinget der in grutte, beweechlike sek ûnder de hals. De sturt wurdt heech oer it lichem hâlden en faak oer de rêch teard. It mantsje lit dêrby geregeld in djippe, dreunende rop hearre dy't hast 500 meter fierderop te hearren is.
It wyfke leit ien aai yn in ûnbeklaaide ûndjippe kûle op 'e grûn. Allinne it wyfke briedt de aaien út en fersoarget de piken. De aaien binne kwetsber foar rôfdieren, benammen foar oare bisten lykas hoefdieren en krieën. As der gefaar driget, kin it wyfke ôfliedingsgedrach sjen litte, wêrby't se fuortfljocht mei de poaten nei ûnderen hingjend om de oandacht fan rôfdieren fan 'e piken ôf te lieden.
It mantsje is polygaam en yn 'e briedtiid libbet er meast allinnich. De soarte brûkt in bysûnder pearfoarmingssysteem: de mantsjes sammelje harren net op in mienskiplik baltsplak, mar hâlde aparte gebieten dêr't se wyfkes hinne besykje te lokjen.
De grutte Yndyske trap migrearret lokaal. Nei de moesson ferspriede groepen har oer gruttere gebieten.
Bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De wichtichste bedrigingen binne bejaging en ferlies fan leefgebiet. Yn it ferline waard der in soad op 'e fûgel jage foar it fleis. Ek hjoed-de-dei kin yllegale jacht noch in probleem wêze. Yn guon gebieten, lykas Radjastan, hat yrrigaasje troch it Indira Gandhi-kanaal laat ta mear lânbou.
In moderne bedriging wurdt foarme troch lineêre ynfrastruktuer, lykas diken en elektrisiteitsliedingen yn woastyngebieten. Benammen botsingen mei heechspanningslinen feroarsaakje in soad stjerte ûnder de fûgels. Ek de útwreiding fan duorsume enerzjy, mei grutte sinnepanielen yn woastyn- en gerslângebieten, kin in bedriging foarmje foar it leefgebiet.
Yn Pakistan is de jachtdruk heech. Troch in tekoart oan beskerming en de jacht stiet de soarte dêr op 'e râne fan útstjerren.
Beskerming en status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De dielsteat Rajasthan begûn op Wrâldmiljeudei 2013 mei it programma "Project Great Indian Bustard". Dêrby waarden wichtige briedgebieten yn besteande beskerme gebieten oanjûn en ôfset en waarden ek feilige briedplakken bûten beskerme gebieten makke.

Al yn 'e jierren 1970 waard besocht om de soarte yn finzenskip te fokken, mar dat mislearre. Yn 2020 waarden njoggen piken mei súkses útbret yn in keunstmjittich briedprogramma, wat doe in wrâldrekord wie. Yn 2024 waard in pyk berne nei keunstmjittige ynseminaasje fan in wyfke mei sperma fan in mantsje dat 200 km fierderop libbe.
Yn maart en april 2025 kamen yn it distrikt Jaisalmer (Radjastan) yn it Sam Bustard Conservation and Breeding Centre en it Ramdevra Breeding Centre, yn totaal acht piken út 'e aaien.
De soarte is út sa'n 90% fan it eardere ferspriedingsgebiet ferdwûn en wurdt troch de IUCN sûnt 2011 as 'krityk bedrige' op 'e Reade List klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
