Springe nei ynhâld

Yndyske marabû

Ut Wikipedy
Yndyske marabû
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skifteiberteftigen (Ciconiiformes)
famyljeeibertfûgels (Ciconiidae)
skaaimarabû's (leptoptilos)
soarte
leptoptilos dubius
Horsfield, 1821
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet
     briedgebiet
     hiele jier oanwêzich, mar net briedend
     allinnich bûten de briedtiid

De Yndyske marabû (leptoptilos dubius) is in fûgel út 'e famylje fan 'e eibertfûgels (Ciconiidae). De soarte heart ta de grutste fûgels fan 'e wrâld. De fûgel is tige seldsum, mar troch goede beskerming fan 'e fûgel en syn leefgebiet giet it de lêste tiid wer better.

De Yndyske marabû yn 'e flecht.

Dizze fûgel is in ymposante ferskining mei in hichte fan likernôch 145 oant 150 sintimeter. Hy hat in massive, kylfoarmige snaffel fan 30 sm lang dy't ljochtgriis fan kleur is mei in tsjustere punt. De kop en de nekke binne fierhinne keal en hawwe in rôze-eftige oant gielige kleur. Under oan 'e hals hinget in grutte, op te blazen kielsek. It fearrekleed is op 'e rêch en de wjukken donkergriis oant swart, wylst de ûnderkant ljochter of smoarchwyt is.

Histoarysk sjoen kaam de Yndyske marabû rûnom foar yn Súd- en Súdeast-Aazje, fan Pakistan oant Fjetnam. Hjoed-de-dei is it ferspriedingsgebiet dramatysk krompen en yn it grutste part fan it ferspriedingsgebiet is de fûgel nei alle gedachten útstoarn.

Der binne noch mar trije lytse briedpopulaasjes oer:

  • Assam (Yndia): de grutste populaasje.
  • Bihar (Yndia): in lytser oantal fûgels.
  • Prek Toal (Kambodja): de iennige oerbleaune briedplakken fan Súdeast-Aazje.
Fûgel op 'e jiskebult.

De Yndyske marabû is in opportunistyske iter. Hoewol't de fûgel fan oarsprong in iessiter is dy't faak by kadavers fan grutte sûchdieren te finen is, fret er ek fisk, amfibyen, reptilen en lytse kjifdieren. Tsjintwurdich sykje se ek faak nei fretten op jiskebulten by stêden. Se briede yn koloanjes yn 'e toppen fan hege beammen, faak tichteby it wetter of yn sompige gebieten. In lechsel bestiet meastentiids út twa oant fjouwer wite aaien. Nei in briedtiid fan sa'n tritich dagen komme de piken út 'e aaien, dy't dêrnei noch ferskate moannen troch beide âlden fersoarge wurde.

Status en bedrigingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste bedrigingen foar de fûgel binne habitatferlies troch it kapjen fan 'e grutte beammen dêr't se yn briede en it drûchlizzen fan sompen, it iten fan plestik en fergiftige ôfeart op jiskebulten en fersteuring troch jacht en minsken by briedkoloanjes.

Jonge fûgel op it nêst yn Assam.

De lêste jierren binne der súksesfolle beskermingsprojekten opset, benammen yn Assam. De lokale befolking wurdt dêr by de beskerming fan nêstbeammen belutsen. Ek binne der foksintra dy't mei sukses fûgels fokt ha. It Assam State Zoo (Guwahati, Yndia) slagge der foar it earst yn om 'e Yndyske marabû oan it brieden te krijen. It Angkor Centre for Conservation of Biodiversity (ACCB, Kambodja) by Siem Reap spilet in tige grutte rol foar de populaasje yn Súdeast-Aazje. De organisaasje sette yn novimber 2025 foar it earst Yndyske marabû's út, dy't finzenskip fokt wiene.

De oantallen fan 'e lytse marabû nimme hjoed-de-dei wer ta en dêrfandinne hat de IUCN de status fan 'e fûgel op 'e Reade list yn 2023 fan bedrige nei hast bedrige (Near Threatened) opwurdearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: