Yndyske dwerchielgoes
| Yndyske dwerchielgoes | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Microcarbo niger | ||||||||||||
| Vieillot, 1817 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De Yndyske dwerchielgoes (Microcarbo niger, synonym: Phalacrocorax niger) is in fûgel út de famylje fan 'e ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Dizze lytse ielgoes wurdt likernôch 50 oant 55 sintimeter lang. Ferlikene mei de Yndyske ielgoes (Phalacrocorax fuscicollis) dêr't er syn ferspriedingsgebiet mei dielt, is dizze ielgoes lytser en hat er in koartere snaffel en in mear rjochthoekige kop en koartere nekke. Hy mist boppedat de giele kielsek.
Folwoeksen fûgels yn it briedkleed binne hielendal swart mei in pear wite plommen op 'e foarholle en de sydkanten fan 'e kop. Bûten it briedseizoen binne se bruner, misse se de plommen en hawwe se in wyteftich kin. Juvenilen hawwe ek in wyteftich kin, wylst de nekke en it boarst wat ljochter binne as de boppedielen.
De dwerchielgoes is wat grutter en foarser, mei mear útsprutsen wite plommen yn it briedkleed. Bûten it briedseizoen is it lichem wat bruner, is de fûgel ûnder wat bûnter mei wyt en is de oergong fan it wite kin nei de brune nekke floeiender.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dizze soarte komt foar yn leechlân, fan Yndia oant Súdeast-Aazje en it westen fan Yndoneezje. De fûgel wurdt as monotypysk beskôge, itjinge betsjut dat er net yn ûndersoarten ferdield wurdt. Yn it ferline waard de Yndyske dwerchielgoes ek wol as in ûndersoarte fan 'e dwerchielgoes behannele.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel libbet benammen yn swietwettergebieten lykas sompen, marren, rivieren en opslachmarren. It iten bestiet hast folslein út fisk, dy't se fange troch te dûken. Se binne faak allinnich of yn lytse groepen te sjen, mar kinne yn gruttere koloanjes briede tegearre mei oare wetterfûgels. It nêst wurdt makke fan tûkjes en reid, meast yn beammen of strûken tichteby wetter.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte fan 'e populaasje bestiet neffens in rûzing út 2023 út 183.000 oant 233.000 folwoeksen fûgels (Wetlands International). De soarte hat boppedat in tige grut ferspriedingsgebiet. Dêrom stiet de Yndyske dwerchielgoes as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade List fan 'e IUCN.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Dwerchielgoes
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Súdsineeske See
