Springe nei ynhâld

Yndosineeske rôlder

Ut Wikipedy
Yndosineeske rôlder
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljerôlderfûgels (Coraciidae)
skaairôlders (Coracias)
soarte
Coracias affinis
Horsfield, 1840
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Yndosineeske rôlder (Coracias affinis) is in fûgel yn it skaai rôlders (Coracias) út 'e famylje rôlderfûgels (Coraciidae).

De nekke en de kiel binne pearslila mei wite skachtstreken. It keale plak om it each is okerkleurich. De krún en de anaalstreek binne blau. De slachpinnen binne djip pearsblau mei in ljochtblauwe bân. Syn sturt is himelsblau mei in Prusyskblauwe einbân en de middelste fearren binne dofgrien.

De 33 sm lange soarte liket in soad op 'e besibbe Yndyske rôlder (Coracias benghalensis). Se ha itselde formaat en deselde bou, mar de blauwe tinten fan 'e Yndosineeske rôlder binne oer it generaal djipper en yntinser. It boarst en it gesicht fan 'e Yndosineeske rôlder binne unifoarm pearsbrún sûnder dúdlike streken lykas by de Yndyske rôlder. De wjukdekfearren binne donkerder/blaugriener as by de Yndyske rôlder.

Yndyske rôlder
Yndosineeske rôlder

De Yndosineeske rôlder komt foar fan eastlik Nepal, Bûtan en noardeastlik Yndia (Bihar, Assam) eastlik oant súd-sintraal Sina (súdlik Sichuan, Yunnan) en súdlik oant it Taiske skiereilân en Yndosina. De fûgel waard earder as in ûndersoarte fan 'e Yndyske rôlder beskôge en guon dogge dat noch jimmeroan. Ut DNA-stúdzjes docht lykwols bliken dat de Yndosineekse rôlder nei alle gedachten in sustersoarte is fan 'e Selebesrôlder en dêrom wurdt er hieltyd faker as in aparte soarte erkend.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, mar der wurdt tocht dat de oantallen tebekrinne. Op basis fan dy ynformaasje kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: