Springe nei ynhâld

Yndo-Jeropeänen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Yndo-Jeropeanen)
Oersjoch fan de Yndo-Jeropeeske migraasjes fan 4000 oant 1000 f.Kr. neffens de Kurgan hypotese. Pears is it oarspronklik kerngebiet (5.000 f.Kr.). Read de gebieten dêr't de Yndo-Jeropeänen harren om-ende-by 2500 f.Kr. hinne fersprieden; it oranje gebiet jout de situaasje wêr yn 1000 f.Kr.

Mei Yndo-Jeropeänen (eartiids ek wol Yndogermanen neamd) wurdt in folk oantsjutten dat yn it 3e millennium f.Kr. op de flakten fan Kazachstan en West-Sibearje libbe (om-ende-by tusken de Wolga en de Jenisej) en dy't tsjintwurdich sjoen wurde as de foarâlden fan in protte folken mei in Yndo-Jeropeeske taal.

De foarfallen dy't hjirûnder beskreaun wurde binne basearre op archeologyske ûnderstellings oer de histoaryske Yndo-Jeropeänen. Lykwols is in soad noch hieltyd net dúdlik en wat der krekt allegear foarfallen is wurdt noch altyd bediskusearre.

  • Om 5500 foar Kr.: De Yndo-Jeropeänen ferlitte harren stamgebiet yn de Oekraïne en festigen harren yn Kazachstan. Mooglik lutsen sy yn westlike rjochting fierder Jeropa yn.
  • Om 5000 foar Kr.: Fanút Kazachstan wurdt it oare part fan Sintraal-Aazje betreden. Opgravings fan hynstebonken litte sjen dat doe al dieren offere waarden foar de goaden. Yn dizze tiid moat ek in begjin makke wurde mei de orale tradysjes fan de Veda's. (Sa wurdt ferhaald fan de Uttara (letterlik it uterste): it noarden dêr't tige kâld wie: wat mooglik oerleverings binne fan de lêste iistiid).
  • Om 3000 foar Kr.: de Yndo-Jeropeänen kringen Afganistan binnen.
  • Om 2500 foar Kr.: Nefens Koerganhypoteze brânskattende krigersfolken it Midden-Easten en Anatoalje, sy meitsje in ein oan de beschavingen fan de Sumearjers.
  • Om 2000 foar Kr.: de Yndo-Jeropeänen splitse harren op yn ôfsûnderlike folken. In westlike kloft lûkt rjochting Baltikum (letter bekend as de Letten en Litouwers), in subkloft lûkt noch westliker en festiget him yn Sintraal-Jeropa (de lettere Itaaljers, Germanen, Slaven en Kelten). Yn Lyts-Aazje wurde de earste Yndo-Jeropeeske riken foarme: fan de Hittiten en de Luwiërs. In oare kloft Yndo-Jeropeänen lûkt nei it Easten: nei Iran (de lettere Meden en Perzen) en Yndia (de Ariërs). Yn Yndia wurde neffens guon boarnen de beschavingen fan de Indus (Mohenjo-Daro en Harappa) en de Ganges (Dravidiërs) troch de Ariërs ferneatige.