Yasmine Galenorn

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Yasmine Galenorn
Livro preto.svg skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym India Ink
echte namme Yasmine Galenorn
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 17 jannewaris 1961
berteplak yn Washington (steat)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy, detektives, horror
romantyk, non-fiksje (religiosa)
bekendste
  wurk(en)
Otherworld-searje
Embracing the Moon
jierren aktyf 1997 – no
offisjele webside
www.galenorn.com

Yasmine Galenorn (yn Washington (steat), 17 jannewaris 1961) is in Amerikaansk skriuwster fan romans en koarte ferhalen dy't ta de literêre sjenres fan 'e fantasy, detektives, horror en romantyk hearre. Har bekendste wurk is de Otherworld-rige, oer de trije D'Artigo-susters. Fierders hat se ek gebrûk makke fan it pseudonym India Ink. Galenorn is aktyf yn 'e wikkamienskip fan Seattle, en hat teffens ferskate non-fiksjewurken skreaun oer ûnderwerpen dy't te krijen hawwe mei it moderne heidendom.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Galenorn waard yn 1961 berne yn 'e Amerikaanske steat Washington, dêr't se grutbrocht waard troch har mem en styfheit. Se wie in foarlike learlinge, dy't mei fyftjin jier rjochtstreeks fan 'e middelskoalle nei it kolleezje gie, en dêrby de middelbere skoalle (high school) oersloech. Se studearre oan it Evergreen Steatskolleezje yn Olympia, en folge oanslutend in toanieloplieding, dy't se yn 1983 mei súkses ôfrûne.

Yn 1980 bekearde Galenorn har ta de wikka. Se beskôget harsels as in sjamanistyske heks, wylst se dêrnjonken ek grutte belangstelling hat foar oare foarmen fan it moderne heidendom. Op 1 maaie 1993 troude se mei har man Samwise, mei wa't se yn Seattle wennet. Dêrby naam har man yn 't earstoan Galenorn har oarspronklike efternamme oan (dy't se fan har styfheit oernommen hie). Mids njoggentiger jierren besleaten se harren namme te feroarjen, en keazen foar 'Galenorn', dat "Grienbeam" betsjut yn 'e elfske taal út 'e Lord of the Rings-trilogy fan J.R.R. Tolkien. Dy namme lieten se fêstlizze as harren wetlike efternamme. De Galenorns hawwe gjin bern, mar wol fjouwer katten.

Yn 1997 sette Galenorn útein mei in karriêre as skriuwster. Sûnt hat se mear as 35 romans publisearre, mei dêropta noch ferskate koarte ferhalen. Har wurk heart ta ferskate literêre sjenres, fan fantasy en horror oant detektives en romantyk. It grutste part fan Galenorn har oeuvre kin lykwols ta it subsjenre fan 'e urban fantasy rekkene wurde, wêrûnder har bekendste wurk, de Otherworld-rige, oer de trije susters D'Artigo. De Chintz 'n China-searje bestiet út detektiveromans, en itselde jildt foar de Bath and Body-rige, dy't Galenorn útbrocht ûnder it pseudonym India Ink. Yn 2010 sette se útein mei in nije urban fantasy-rige, de Indigo Court-searje. Dêrnjonken is Galenorn ek de skriuwster fan acht non-fiksjewurken oer it moderne heidendom, wêrfant Embracing the Moon it bekendst is. Yn 2012 wûn se de Romantic Times Career Achievement Award foar har hiele oeuvre.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(hjirby giet it om romans as it net oars oanjûn stiet)

Fiksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Chintz 'n China-searje
    • 2003 – Ghost of a Chance
    • 2004 – Legend of the Jade Dragon
    • 2005 – Murder under a Mystic Moon
    • 2005 – A Harvest of Bones
    • 2006 – One Hex of a Wedding
  • Bath and Body-searje (ûnder it pseudonym India Ink)
    • 2005 – Scent to Her Grave
    • 2006 – A Blush with Death
    • 2007 – Glossed and Found
  • Otherworld-searje (of Sisters of the Moon-searje)
    • romans
      • 2006 – Witchling
      • 2007 – Changeling
      • 2008 – Darkling
      • 2008 – Dragon Wytch
      • 2008 – Night Huntress
      • 2009 – Demon Mistress
      • 2009 – The Shadow of Mist
      • 2009 – Bone Magic
      • 2010 – Harvest Hunting
      • 2010 – Etched in Silver
      • 2011– Blood Wyne
      • 2011– Courting Darkness
      • 2012 – Shaded Vision
      • 2012 – Shadow Rising
      • 2013 – Haunted Moon
      • 2013 – Autumn Whispers
      • 2014 – Crimson Veil
      • 2014 – Priestess Dreaming
      • 2015 – Panther Prowling
      • 2016 – Darkness Raging
    • ôfsûnderlike novelles & koarte ferhalen
      • 2009 – The Shadow of Mist (novelle, yn 'e blomlêzing Never After; los publisearre yn 2013)
      • 2010 – Etched in Silver (novelle, prequel fan 'e searje, yn 'e blomlêzing Inked; los publisearre yn 2012)
      • 2011 – Ice Shards (novelle, spilet foar Courting Darkness, yn 'e blomlêzing Hexed; los publisearre yn 2012)
      • 2016 – Bones (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing Once Upon A Curse)
    • ferhalebondels
      • 2014 – Mist and Shadows
      • 2014 – Tales From Otherworld
      • 2014 – The Men of Otherworld
      • 2015 – Men of Otherworld: Collection Two
      • 2015 – Moon Swept
      • 2016 – Earthbound
  • Indigo Court-searje
    • 2010 – Night Myst
    • 2011 – Night Veil
    • 2012 – Night Seeker
    • 2013 – Night Vision
    • 2014 – Night's End
    • 2015 – Night Shivers (novelle)
  • Fly by Night-searje
    • 2014 – Flight from Hell (novelle)
    • 2015 – Flight from Death
    • 2016 – Flight from Mayhem
  • Whisper Hollow-searje
    • 2015 – Autumn Thorns
    • 2016 – Shadow Silence

Non-fiksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1997 – Trancing the Witch's Wheel
  • 1998 – Embracing the Moon
  • 1999 – Dancing with the Sun
  • 1999 – Tarot Journeys
  • 2001 – Crafting the Body Divine
  • 2003 – Sexual Ecstasy and the Divine
  • 2003 – Magical Meditations
  • 2004 – Totem Magic

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar
2012 Romantic Times Reviewers' Choice Award wûn Career Achievement Award (oeuvrepriis) hiele oeuvre

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.