Wytze Brandsma

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Wytze Lammert Brandsma (Drachten, 6 april 1903 - Grins, 1 augustus 1987) wie in filolooch.

Hy studearre Nederlânske Letteren yn Grins; promovearre op Het werkwoord bij Gysbert Japicx (1936). Hy skreau studzjes op Frysk filologysk mêd, ûnder oaren: Mayke Jakkelis (1951).

Brandsma wie fierders direkteur fan de HBS-A yn Ljouwert fan 1941 oant 1946 en fan '46 oant 1968 fan de Gemeentlike Dalton-HBS (letter it Zernike Kolleezje) yn Grins.

Hy waard yn 1957 ûnderskieden, Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Brandsma, Wytze Lammert.

  • Digitaal Argyf Ljouwerter Krante