Springe nei ynhâld

Wytwjukstirns

Ut Wikipedy
wytwjukstirns
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaiblaustirnzen (Chlidonias)
soarte
Chlidonias leucopterus
Temminck, 1815
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     briedfûgel
     wintergast

De wytwjukstirns (Chlidonias leucopterus) is ien fan 'e fjouwer soarten yn it skaai blaustirnzen (Chlidonias) út de famylje seefûgels (Laridae).

De wytwjukstirns wurdt likernôch 20-24 sm lang en in spanwiidte fan 50–56 sm. Sawol yn foarm as yn fearrekleed liket er tige op 'e gewoane blaustirns (Childonias niger).

Simmerdeis ha folwoeksen fûgels swarte fearren mei in wite sturt, wite dekfearren op 'e boppewjuk en oranjereade poaten. Hy ferskilt fan 'e gewoane blaustirns troch in koartere en tsjokkere snaffel, in rûnere kop, de wite boppewjukdekfearren en de swarte ûnderwjukdekfearren.

Winterdeis hat de fûgel in wite ûnderkant en stút, in grize mantel en sturt en allinnich de efterkant fan it kopke is dan noch swart. De gewoane blaustirns hat dan ljochtere grize boppewjukken en it ûntbrekken fan in tsjuster plak op 'e sydkant fan it boarst.

Wytwjukstirnzen briede fan East-Europa oant eastlik Sibearje en noardeastlik Sina. It binne trekfûgels, dy't yn augustus of septimber nei Afrika, Súdeast-Aazje en Austraalje migrearje en yn maaie of juny werom komme yn it briedgebiet.

De fûgel wurdt yn Nederlân meast nei de briedtiid sjoen tusken gewoane blaustirnzen. Yn guon jierren binne it somtiden wol hûnderten fûgels, dy't harren tydlik yn it rivieregebiet ophâlde. Ut en troch wurde der ek briedgefallen raportearre.[1]

Wytwjukstirns.

De wytwjukstirns briedt yn swietwettersompen. It nêst wurdt fan reid boud en oare begroeiïng en leit meast op driuwende fegetaasje yn in sompe of op 'e grûn hiel tichteby wetter. It wyfke leit twa oant fjouwer aaien.

Lykas oare blaustirnzesoarten (Chlidonias) en oars as it skaai Sterna dûke dizze fûgels net nei fisk, mar fleane se stadich oer it wetter om oer it oerflak te foerazjearjen en ynsekten te fangen yn 'e flecht. Se ite meast ynsekten en lytse fisken.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2025). Oannommen wurdt lykwols dat de soarte yn oantallen ôfnimme. De wrâldpopulaasje wurdt op 3,1 en 4 miljoen fûgels rûsd (Wetlands International 2023), wêrfan't 66.600 oant 173.000 pearkes nei alle gedachten yn Jeropa briede.


Boarnen, noaten en/as referinsjes: