Springe nei ynhâld

Wytwjuksee-ein

Ut Wikipedy
Wytwjuksee-ein

Jerk

Wyfke.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai see-einen (Melanitta)
soarte
Melanitta deglandi
Bonaparte, 1850
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     briedfûgel
     trekfûgel
     wintergast

De wytwjuksee-ein (Melanitta deglandi) is in fûgelsoarte fan it skaai see-einen (Melanitta) út de famylje einfûgels (Anatidae).

Jerk.

De wytwjuksee-ein is de grutste fan 'e trije Noard-Amerikaanske see-einesoarten. Wyfkes wege tusken 950 en 1.950 gram en binne 48 oant 56 sm lang. In jerk weecht tusken 1.360 en 2.128 gram en is 53 oant 60 sm lang. Se ha in spanwiidte fan 80 sm.

De soarte hat wite sekundêre slachpinnen, dy't goed yn 'e flecht te sjen binne, mar foar in grut part ferside sitte by it swimmen. Folwoeksen mantsjes binne swart en ha njonken de wite sekundêre slachpinnen ek in wite plak by it giele each. Syn snaffel is oranje, read mei giel mei in grutte swarte knobbel oan 'e basis. Wyfkes binne fierder brún. De juvenilen binne ek brún mar ha in ljochte búk en ha wite plakken op it gesicht. By folwoeksen wyfkes binne dy plakken folle minder ûnderskiedend.

De soarte liket in soad op 'e Sibearyske see-ein, mar de mantsjes fan 'e wytwjuksee-ein ha brunere flanken en in lytsere knobbel op 'e snaffel.

De soarte hat it grutste briedgebiet fan 'e Amerikaanske see-einen. Se briede yn 'e boreale bosken fan Alaska oant West-Kanada, mar wurde eastlik minder algemien nei de Hudsonbaai en de Kanadeeske prêrjes yn it suden. Winterdeis siket de fûgel minder kâlde gebieten op, lykas de kusten fan it suden fan Kanada en it noarden fan 'e Feriene Steaten en de Grutte Marren. De fûgels wurde dan yn grutte, ticht op inoar driuwende kloften waarnommen. Wytwjuksee-einen wurde yn it westen fan Europa (Skotlân, Yslân, Noarwegen en Ierlân) as dwaalgast waarnommen.

Fleanende jerken (Ontariomar).

Se briede op 'e grûn tichteby de see, marren of rivieren yn bosk of tûndra en lizze fiif oant alve rôze-eftige aaien. Jerken bliuwe yn 'e briedtiid by it wyfke. De ynkubaasjetiid duorret 25 oant 30 dagen. Briedferminging is net ûngewoan yn gebieten dêr't se tichte op inoar briede. Nei likernôch 21 dagen kinne wyfkes agressyf wurde nei oare briedende wyfkes en de striid resultearret dan somtiden yn it fermingen fan 'e briedsels. It komt foar dat wyfkes sa op wol 40 aaien sitte te brieden. Nei 63 oant 77 dagen kinne de jonge fûgels fleane.

De fûgels foerazjearje op 'e boaiem fan iepen wetter troch 5 oant 20 m yn wintergebieten en 1 oant 3 m yn briedgebieten te dûken. Yn swiet wetter yt de soarte kreefteftigen en ynsekten, yn sâlt wetter weak- en skaaldieren.

De IUCN kategorisearret de fûgel op basis fan it grutte ferspriedingsgebiet en de grutte populaasje as net bedrige. De ûntwikkelingstrend is lykwols negatyf.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:White-winged scoter