Springe nei ynhâld

Wytwjukrotsdo

Ut Wikipedy
wytwjukrotsdo
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels of dowen (Columbidae)
skaaiAustralyske rotsdowen (Petrophassa)
soarte
Petrophassa albipennis
Gould, 1841
IUCN-status: net bedrige

De wytwjukrotsdo (Petrophassa albipennis) is in fûgel yn it skaai Australyske rotsdowen (Petrophassa) út de famylje dowen (Columbidae).

De 30–35 sm lange wytwjukrotsdo is in stevige do mei in ûnderskiedende kleurstelling. Hy hat in brune oant griisbrune rêch, in bleker boarst en opfallende wite fearren yn 'e wjukken, dy't benammen goed te sjen binne as er fljocht. De sturt is donkergriis.

De soarte komt allinnich yn noardwestlik Austraalje foar, benammen yn 'e regio's fan Kimberley yn West-Austraalje en eastlik troch nei de Top End fan it Noardlik Territoarium. De fûgels libje yn drûge, rotseftige omkriten, benammen by steile kliffen, berchmassiven en ravinen mei woastenijplanten. Hy komt net yn iepen bosk of stedsgebieten foar.

De wytwjukrotsdo wurdt yn twa ûndersoarten ferdield:

  • Petrophassa albipennis albipennis: fan noardeastlik West-Austraalje oant noardwestlik Noardlik Territoarium.
  • Petrophassa albipennis boothi: noardwestlik Noardlik Territoarium.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgels ite sied en lytse plantdielen, meast op 'e grûn en fral yn 'e moarntiid en let yn 'e middei en yn lytse groepkes of pearkes. It nêst is ienfâldich op in stik rots en bestiet út 1 of 2 aaien.

De wytwjukrotsdo stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (LC, 2024). Oannommen wurdt dat de oantallen ôfnimme troch de predaasje fan katten. De brede fersprieding fan 'e soarte yn net maklik tagonklike gebieten makket de soarte minder kwetsber foar minsklike ynfloeden.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: