Wytwjukljurk
| Wytwjukljurk | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Alauda leucoptera | ||||||||||||
| Pallas, 1811 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De wytwjukljurk (Alauda leucoptera) is in fûgel yn it skaai fan 'e ljurken (Alaudidae) út de famylje ljurkfûgels (Alaudidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt 17 oant 19 sm lang en hat in spanwiidte fan sawat 35 sintimeter. De soarte hat in wyt, swart en readbrún wjukpatroan. De bûtenste hânfearren fan 'ew wjukken binne swart, de binnenste hânfearren wyt en de rest is readbrún. Boppe is de fûgel donkergriis en ûnder wyteftich. De krún fan it mantsje is net streke en readbrún en ek op it boarst ûntbrekt meast in streke patroan. Ek hat it mantsje in readbrún earplak. It wyfke hat fine streekjes op 'e griisbrune krún en op it boarst is in dúdlik streke patroan. Fierder binne mantsjes en wyfkes wakker allyk. Beide skaaien ha in wite eachstreek.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt foar op steppes, drûge heidefjilden en op kultuerlânskip fan Súd-Oekraïne nei it easten yn Sintraal-Aazje. It is in swalker yn Noardwest-Europa.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It briedseizoen leit fan ein april of begjin maaie oant begjin augustus. It nêst wurdt boud yn in kûltsje op 'e grûn, meastentiids tusken in pôle gers, en beklaaid mei fyn gers. In lechsel bestiet út fiif oant seis aaikes fan ferskillende kleuren, dy't yn 12 oant 13 dagen troch it wyfke útbret wurde.
De fûgel yt sied en simmerdeis fral ynsekten. Winterdeis trekke de fûgels fan it noardlike briedgebiet nei it suden, wylst dy fan it súdlike briedgebiet stânfûgels binne.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens in rûge rûzing fan 2012 hat de wytwjukljurk in wrâldpopulaasje fan 100.000 oant 500.000 folwoeksen fûgels. Oannommen wurdt dat likernôch 20% fan 'e folsleine populaasje yn Europa briedt. De oantallen rinne tebek troch kultivaasje fan it lân. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2018).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Ljurk
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
