Wytwjukkardinaal
| Wytwjukkardinaal | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje. Wyfke. | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Piranga leucoptera | ||||||||||||
| (Trudeau, 1839) | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De wytwjukkardinaal (Piranga leucoptera) is in fûgelsoarte yn it skaai piranga's (Piranga) út de famylje kardinaalfûgels (Cardinalidae). De soarte libbet yn 'e berchbosken fan Meksiko yn it noarden oant Bolivia yn it suden. De soarte nimt yn oantal ôf, mar de populaasje wurdt as net bedrige beskôge. Lykas oare soarten fan it skaai waard de soarte lang yn 'e famylje tangarefûgels set, mar genetyske stúdzjes hawwe dúdlik makke dat de fûgel ta de kardinaalfûgels heart.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is in relatyf lytse piranga. It mantsje is tige opfallend, helderread mei in swart eachmasker en swarte wjukken mei wite bannen. It wyfke hat itselde patroan as it mantsje, mar is grienich en giel. De rop bestiet út helder, lispeljend fluitsjen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytwjukkardinaal libbet fan eastlik Meksiko oant súdlik Bolivia en wurdt yn fjouwer ûndersoarten mei de folgjende fersprieding ûnderferdield:
- Piranga leucoptera leucoptera - eastlik Sierra Madre Oriental yn eastlik Meksiko (Tamaulipas) nei Nikaragûa.
- Piranga leucoptera latifasciata - Kosta Rika en westlik Panama (eastlik nei Veraguas).
- Piranga leucoptera venezuelae – Andes fan Kolombia oant Fenezuëla en noardlik Brazylje.
- Piranga leucoptera ardens - Andes fan súdwestlik Kolombia (Nariño) oant noardwestlik Bolivia.
It skaai Piranga stie earder yn 'e tangarefûgels (Thraupidae). DNA-stúdzjes hawwe lykwols oantoand dat it kardinaalfûgels binne, nau besibbe oan 'e typesoarte fan 'e famylje, de reade kardinaal.
De soarte libbet yn bercheftige regio's fan grienbliuwende wâlden dinne- en ikebosken. Wytwjukkardinalen wurde yn 'e heechste lagen fan beamen oantroffen, meastentiids yn pearkes of lytse groepkes, somtiden mei oare groepkes foerazjearjende soarten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet. Oannommen wurdt dat de populaasje ôfnimt, mar net genôch om as bedrige beskôge te wurden. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) neamt de soarte as net bedrige (LC). De populaasje wurdt tusken de 50.000 en in heal miljoen folwoeksen fûgels rûsd.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Piranga
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Perû
