Wytwangreager
| Wytwangreager | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Egretta novaehollandiae | ||||||||||||
| Latham, 1790 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
wintergast |
De wytwangreager (Egretta novaehollandiae) is in fûgel út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De kop fan 'e fûgel hat in helderwite foarholle, wite wangen en in wite kiel. De rest fan 'e kop en de bealch binne oer it general blaugriis oant laaigriis. Op it boarst en oan 'e ûnderkant fan 'e hals hat de fûgel rôzebrune, brûnskleurige sierfearren. De slachpinnen fan 'e wjukken binne wat donkerder griis, hast tsjin it swart oan, itjinge yn 'e flecht goed te sjen is. De lange tinne poaten binne meastentiids gielich oant griengiel. De snaffel is swart en kin oan 'e basis wat ljochter wêze. Syn eagen binne meastentiids giel. De fûgel is krapoan 70 sintimeter lang en hat in spanwiidte fan 106 sintimeter.[1]
Yn 'e briedtiid kriget de fûgel brune lansetfoarmige fearren by de nekke en op 'e rêch. Ek kinne de kleuren fan 'e poaten en de hûd om 'e eagen hinne tydlik rôze of fleiskleurich wurde.
Juvenilen hawwe gjin wyt "masker" op it gesicht en binne oeral egaler griis. Se misse ek de lange, brune sierfearren op it boarst dy't folwoeksen fûgels wol hawwe.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt yn grutte dielen fan Australaazje foar. Yn Austraalje is it de meast foarkommende reager op it hiele kontinint, útsein yn 'e drûchste woastinen fan it binnenlân. Op Nij-Seelân is de fûgel sûnt 1941 in briedfûgel en dêr binne se wiidferspraat oer it lân. Se wurde dêr net as in eksoat behannele om't se op eigen krêft it lân kolonisearren. Fierder komme se foar op Nij-Guineä, de Salomonseilannen, yn Yndoneezje - lykas op Timor en Floares - en op ferskate eilannen yn 'e Stille Oseaan lykas Nij-Kaledoanje.
De fûgel wurdt meastentiids as monotypysk behannele. Mar der binne guon dy't de fûgel yn twa ûndersoarten of sels fjouwer ûndersoarten ferdiele:
- E. n. novaehollandiae: de meast foarkommende fariant, dy't yn it grutste part fan Austraalje, Nij-Seelân en Nij-Guineä foarkomt.
- E. n. parryi: komt foar yn it noardwesten fan Austraalje (wurdt meastentiids ta de nominaatfoarm rekkene).
- E. n. austera: komt foar op Nij-Guineä (wurdt meastentiids ta de nominaatfoarm rekkene).
- E. n. nana: komt foar op Nij-Kaledoanje.
De ferskillen tusken de ûndersoarten binne lyts en ha meastentiids te krijen mei de grutte fan 'e fûgel (faak mei it bleate each net te sjen) of wat ôfwikings yn 'e kleur fan it fearrekleed. De iennige dy't noch wol apart neamd wurdt is E. n. nana fan Nij-Kaledoanje, om't dy troch de isolaasje op it eilân echt in slach lytser ("nana" betsjut dwerch) is as syn sibben.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De wytwangreager hat in ûnbidich grut ferspriedingsgebiet en allinnich dêrom al is de kâns op útstjerren lyts. Neffens in rûge rûzing fan 2012 soe de populaasje út 6.700 oant 66.700 folwoeksen fûgels bestean. De soarte wurdt yn Austraalje beskerme ûnder de National Parks and Wildlife Act 1974 en docht it dêr oer it generaal goed, op Nij-Seelân is de populaasje stabyl oant tanimmend en dêr past de fûgel him goed oan minsken oan. Op it stuit (2026) is de trend foar de wrâldpopulaasje net bekend. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2026) klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

