Wytwangpinguïn
| wytwangpinguïn | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Eudyptes schlegeli | ||||||||||||
| Finsch, 1876 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De wytwangpinguïn (Eudyptes schlegeli) is in fûgelsoarte yn it skaai túfpinguïns (Eudyptes) út de famylje pinguïns (Spheniscidae). De fûgel waard yn 1876 troch de Dútske ornitolooch Otto Finsch nei yn learmaster, de ornitolooch Hermann Schlegel ferneamd.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De folwoeksen wytwangpinguïn wurdt likernôch 70 sm lang en weaget 5,5 kilogram. De boppedielen binne swart, de ûnderkant is wyt. Lykas oare pinguïns yn dit skaai hat er karakteristike giele, oranje en swarte plûmen op 'e holle. Hy ûnderskiedt him fan syn neist sibbe, de macaronipinguïn, troch it wite gesicht, dat by de macaronipinguïn swart is. De snaffel is oranje oant oranjebrún en de poaten binne rôze.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel briedt op Macquarie, dat likernôch healwei tusken Austraalje en Antarktika leit, en op lytsere eilannen yn itselde gebiet. Der binne lykwols ek lytsere oantallen waarnommen op oare subantarktyske eilannen lykas Súd-Georgje en Kerguelen, itjinge der op wize kin dat er ek earne oars briede kin.
Ut mitochondriaal DNA- en nukleêr DNA-ûndersyk hat bliken dien dat de soarte likernôch 1,5 miljoen jier lyn him fan syn neiste sibbe, de macaronipinguïn, ôfskate. De twa soarten lykje morfologysk tige op inoar en binne faak as ien en deselde soarte beskôge. Guon autoriteiten dogge dat noch jimmeroan.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De wytwangpinguïn briedt yn grutte koloanjes op flak sân, grint en rotsen. Se ite krill, fisk en inketfisk. Bûten it briedseizoen is der net in soad oer it hâlden en dragen fan 'e fûgel bekend.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e 19e iuw waard der in soad op de wytwangpinguïn jage, mar de fûgel hat him dêrfan wersteld. Healwei de jierren 1980 brieden der neffens rûzing 850.000 pearkes op Macquarie, mei lytsere oantallen op 'e oanbuorjende eilannen Bishop en Clerk. Yn 2016 waard de hiele populaasje op likernôch 750.000 pearen rûsd. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2022). Net dúdlik is hoe't de populaasje him ûntwikkelet.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
