Springe nei ynhâld

Wytwanggoudfink

Ut Wikipedy
griiskopfink
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljefinkfûgels (Fringillidae)
skaaigoudfinken (Pyrrhula)
soarte
Pyrrhula leucogenis
Ogilvie-Grant, 1895
IUCN-status: net bedrige

De wytwanggoudfink of de Filipynske goudfink (Pyrrhula leucogenis) is in sjongfûgel yn it skaai goudfinken (Pyrrhula) út de famylje finkfûgels (Fringillidae).

De wytwanggoudfink is in middelgrutte fink fan 15 oan 16,5 sm lang. De fearren binne oer it algemien ljochtbrún mei in wat ljochtere búk en swart op it gesicht, de kroan, de sturt, it ûnderste diel fan 'e wjuk en op 'e skouder. Lykas de namme seit hat de fûgel in wyt plak op it wang. Ek de stút fan 'e fûgel is wyt. De sterke snaffel fan 'e fûgel is swart.

De wytwangoudfink komt allinnich foar op 'e Filipinen en wurdt yn twa ûndersoarten ferdield:

  • Pyrrhula leucogenis leucogenis: komt foar yn 'e bercheftige gebieten fan noardwestlik Luzon.
  • Pyrrhula leucogenis steerei: komt foar yn 'e bercheftige gebieten fan Mindanao.

It habitat fan 'e soarte bestiet út bosken en boskrânen en legere berchgebieten op in hichte fan 1250 oant 1750 m.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wytwangfinken ite beien en blommen. Bûten it briedseizoen foarmet de fûgel groepen fan mingde soarten. Fûgels yn briedkondysje binne yn maart en april oantroffen, mar fierder is der net in soad bekend oer syn briedgedrach.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar der wurdt tocht dat de soarte yn oantal ôfnimt, alhoewol net sa slim dat er as bedrige beskôge wurde kin. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: