Wytwangfluitein
Wytwangfluitein | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Dendrocygna viduata | ||||||||||||
Linnaeus, 1766 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De wytwangfluitein (Dendrocygna viduata) is in fûgel út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). It is ien fan 'e acht soarten fan it skaai fluiteinen (Dendrocygna).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De wytwangfluitein hat in lange grize snaffel, in lange nekke en lange poaten. Syn nekke en kop binne swart en hy hat in wyt gesicht. De hals is kastanjebrún. It hinget fan it gebiet fan 'e fûgel ôf hoefolle wyt dêr is; de wytwangfluiteinen yn westlik Afrika ha bygelyks mear swart. De rêch en wjukken binne donkerbrún oant swart en ûnder is de fûgel ek swart mei fine wite streken op 'e flanken.
Der bestiet gjin ferskil tusken jerken en sijkes. Juvenilen ha deselde kleuren, mar minder kontrastearjend.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytwangein hat in wat nuver ferspriedingsgebiet yn sawol Afrika as Súd-Amearika. Der is dêrom wol ornearre dat de soarte mooglik nei oare lokaasjes yn 'e Nije Wrâld brocht is. Yn sawol Afrika as Súd-Amearika bestiet it biotoop út swietwettermarren of opslachmarren mei in soad begroeiïng. De ein yt planten en sied.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It nêst wurdt op 'e grûn yn in kûle boud of tusken reidfjilden. It bestiet út 6 oant 12 aaien dy't troch jerk en sijke útbret wurde. De aaien kommen nei 26 oant 28 dagen út. It jerkje en it sijke passe op 'e piken en hâlde se ynearsten tusken it reid. Piken binne donker en giel. Twa moannen nei it útkommen kinne se fleane.
Wytwangeinen binne sosjale fûgels en komme by it lemieren yn kloften fan wol tûzen fûgels of mear op 'e plakken oan dêr't se graach wêze meie. De fûgels meitsje in soad leven en ha in dudlike fluittoan fan trije toanen.
De fûgel is gruttendiels in stânfûgel, mar kin lokaal noch wol 100 km of fierder trekke.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 'e wytwangfluitein is de Oerienkomst ta Behâld fan trekkende Afrikaansk-Euraziatyske wetterfûgels (AEWA) fan tapassing. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige op 'e Reade list. De wrâldpopulaasje waard yn 2023 op 1.410.000 oant 1.700.000 fûgels rûsd.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- BirdLife, oproppen 2 febrewaris 2025.
- Ebird, oproppen 3 febrewaris 2025.
- Avibase, oproppen 2 febrewaris 2025.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dit artikel is foar in part in oersetting fan it Ingelsktalige artikel. Sjoch foar boarnen en referinsjes: de:White-faced whistling duck
|
- Fûgelsoarte
- Fluitein
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Oerûguay
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Madagaskar
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Uganda