Springe nei ynhâld

Wytwangdûker

Ut Wikipedy
Wytwangdûker
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdûkereftigen (Podicipediformes)
famyljedûkerfûgels (Podicipedidae)
skaaiSúdamerikaanske dûkers (Rollandia)
soarte
Rollandia rolland
Gaimard, 1823
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De wytwangdûker (Rollandia rolland) is in fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e dûkerfûgels (Podicipedidae). De soarte komt foar yn it suden en westen fan Súd-Amearika. Syn natuerlike leefgebiet bestiet út swietwettermarren, sompen en stadich streamende rivieren en beken.

It mantsje en it wyfke fan 'e wytwangdûker lykje opinoar. Se wurde 24 oant 36 sm lang.

Folwoeksen fûgels yn it briedkleed hawwe in opfallende swarte túf efter op 'e kop. Om it ear sit in grutte, wite fearretúf. Foar it oare binne de kop, hals en rêch swart, mei in ljochte grieneftige glâns. De fearren fan 'e mantel en rêch hawwe smelle brune rannen. De ûnderkant is dof readbrún, faak mei brune of grize plakken. De sekundêre slachpinnen binne wyt, ljochtgriis of hawwe wite punten. It each is read, de snaffel swart en de poaten griis of oliifbrún.

Yn it net-briedkleed binne folwoeksen fûgels earder donkerbrún as swart. De túf is dan folle minder opfallend. De kanten fan 'e kop en de kiel binne wyt, mar de wite plakken op 'e wjukken bliuwe sichtber. De hals en boarst binne bêzje-eftich oant ljochtbrún en wurde nei de búk ta stadichoan witer. Jongen lykje op folwoeksen fûgels yn it winterkleed, mar hawwe brune streken op 'e kiel en de kanten fan 'e hals.

Der wurde trije ûndersoarten erkend:

  • R. r. chilensis (Lesson, 1828) – fan súdlik en westlik Perû en súdeastlik Brazylje nei it suden ta oant Kaap Hoarn en Fjoerlân.
  • R. r. morrisoni (Simmons, 1962) – de Junínmar yn 'e heechlannen fan 'e Sintraal-Perûviaanske Andes.
  • R. r. rolland (Gaimard, 1823) – de Falklâneilannen.

It opfallendste ferskil tusken de ûndersoarten is it formaat. R. r. rolland kin hast net fleane, is flink grutter en weaget ornaris likernôch twa kear safolle as R. r. chilensis. Ek hat er in djippere readbrune ûnderkant as de beide oare ûndersoarten. R. r. chilensis en R. r. morrisoni lykje sterk op inoar, mar de earste is yn 'e regel lytser as de twadde.

R. r. rolland ferskilt ek yn beskate gedrachsfoarmen, ûnder mear by it pronkjen en it brieden. Yn it ferline waard dizze foarm faak as in aparte soarte beskôge en guon taksonomyske boarnen dogge dat noch.

Fersprieding en leefgebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wytwangdûker komt foar yn it suden en westen fan Súd-Amearika, fan leechlizzende gebieten oant in hichte fan 4.500 meter boppe seenivo. It ferspriedingsgebiet bestiet út súdeastlik Brazylje, Oerûguay, Paraguay, Bolivia, Sily, Perû, Argentynje en de Falklâneilannen. As dwaalgast komt er ek foar op 'e Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen.

Syn leefgebiet bestiet út marren, sompige fivers, sleatten en stadich streamende rivieren en beken. Fûgels yn it uterste suden fan Súd-Amearika foarmje nei it briedseizoen kloften en trekke by de kust lâns nei it noarden. Se wurde dan faak sjoen yn baaien en oare yn 'e lijte lizzende gebieten oan 'e kust.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It briedgedrach fan 'e wytwangdûker ferskilt tusken de populaasjes en giet mank mei pronkgedrach.

De wiidfersprate R. r. chilensis is yn 'e briedtiid sterk territoriaal. Pearen briede ornaris solitêr, mar op plakken mei mar in pear geskikte nêstplakken en genôch iten kinne se ek yn losse koloanjes mei oare wytwangdûkers briede.

Wytwangdûker.

Sawol R. r. morrisoni fan 'e Junínmar as R. r. rolland fan 'e Falklâneilannen briede solitêr en foarmje, foar safier bekend, gjin koloanjes mei soartgenoaten. Pearen fan R. r. morrisoni kinne it hiele jier troch territoriaal wêze, wylst pearkes fan R. r. rolland oer it generaal minder territoriaal binne, ek yn 'e briedtiid.

Op sawol it fêstelân fan Súd-Amearika as de Falklâneilannen wurdt it nêst bytiden tichteby nêsten fan oare wetterfûgels of by koloanjes fan miesfûgels boud. De briedende miesfûgels binne fûl tsjin mooglike rôfdieren en kinne sa beskerming biede oan briedende wytwangdûkers.

It nêst bestiet út in platfoarm fan reid, oare wetterplanten of gers. Op it fêstelân fan Súd-Amearika is it nêst driuwend en leit it op wat ôfstân fan 'e wâl. De pearing fynt plak op it nêst of op in oar driuwend platfoarm fan plantemateriaal. Op 'e Falklâneilannen is it nêst ek driuwend, mar meastal streekrjocht oan it lân fêstmakke of op fêste grûn boud. Soms leit it sels ûnder in wâl oan 'e kant fan it wetter. Ek de pearing fynt dêr gauris op fêste grûn plak. Dat is by gjin oare dûkerfûgel bekend.

It lechsel bestiet ornaris út ien oant trije aaien, mar soms wurde der wol seis lein. De aaien binne likernôch 40 × 28 mm grut.

De wytwangdûker fret benammen fisken, mar yt ek lytsere wringedieren en soms wetterplanten. De fisken binne meastal lyts, mar kinne oant likernôch 15 sm lang wêze. De wytwangdûker fangt syn proai troch te dûken.

De wytwangdûker hat in grut ferspriedingsgebiet. De IUCN beskôget de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De populaasjetrend is stabyl en de totale populaasje wurdt foar 2024 rûsd op 68.800 oant 70.100 folwoeksen fûgels.

De lokaal foarkommende ûndersoarte R. r. morrisoni, de Junínwytwangdûker, hat dêrfoaroer in lytse populaasje dy't sterk efterútgien is en wurdt as bedrige beskôge. De oare ûndersoarte mei in lyts ferspriedingsgebiet, R. r. rolland fan 'e Falklâneilannen, hat neffens rûzing in populaasje fan likernôch 1.000 pearkes. Dy populaasje kin dêrtroch kwetsber wêze, mar der is gjin dúdlik bewiis dat er de lêste tiid efterútgien is.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: