Springe nei ynhâld

Wytsturtglânsfazant

Ut Wikipedy
wytsturtglânsfazant
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skifthineftigen (Galliformes)
famyljefazanteftigen (Phasianidae)
skaaiglânsfazanten (Lophophorus)
soarte
Lophophorus sclateri
Jerdon, 1870
IUCN-status:

De wytsturtglânsfazant (Lophophorus sclateri) is in Aziatyske fûgel yn it skaai glânsfazanten (Lophophorus) út 'e fazanteftigen (Phasianidae).

De wytsturtglânsfazant is in typyske glânsfazant mei in tige kleurige hoanne yn grienblau en readbrún irisearjende fearren en in brûnskleurich plak yn 'e nekke. Hy hat lykwols in lytse puntige kop en om it each is de hûd blau. De hoanne hat in wite ûnderrêch, stút en boppesturtdekfearren. De sturt is fierder kastanjebrún, alhoewol't er ek wyt is by in nij ûntdutsen populaasje yn Arunachal Pradesh, Yndia. It wyfke is donkerbrún en mist de wite streken fan 'e Himalayaglânsfazant oan 'e ûnderkant en de wite kiel. Beide skaaien ha in wyt râne oan 'e sturt. De lichemslingte is 63-68 sm.

hoanne hin

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wytsturtglânsfazant wurdt yn trije ûndersoarten ferdield mei de folgjende fersprieding:

In hin.
  • Lophophorus sclateri sclateri – komt foar fan súdeastlik Tibet yn it suden oant noardeastlik Yndia (noardeastlik Arunachal Pradesh) en eastlik oant súdlik Sina (noardlik Yunnan) en noardlik Myanmar.
  • Lophophorus sclateri arunachalensis - komt foar yn noardlik Yndia yn bercheftige gebieten fan westlik Arunachal Pradesh
  • Lophophorus sclateri orientalis - komt foar yn noardeastlik Myanmar en oangrinzgjend súdlik Sina (súdwestlik Yunnan).

De soarte is nau besibbe oan 'e Himalayaglânsfazant (L. impejanus).

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wytsturtglânsfazant libbet op alpine greiden, strûken en steile hellingen op hichten fan 3.000 oant 4.200 meter oant de grins fan ike- en rododendronbosken, nullebosken mei tichte bamboefegetaasje, azaleäbosken en gebieten mei jeneverbeien en foksebeien. Winterdeis sakket er ôf nei legere regio's oant hichten fan 2.000 oant 3.000 meter. Dêr't de fûgel oerlapet mei de Himalayaglânsfazant wurdt er oer it algemien op hegere nivo's oantroffen. Yn it briedseizoen wurdt er yn pearen sjoen, mar winterdeis foarmet er somtiden groepen. De fûgel yt woartels, sied, bast en blêd.

Status en bedrigingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte hat in breed ferspriedingsgebiet der wurdt oannommen dat de soarte yn oantal ôfnimt, mar net genôch om as bedrige beskôge te wurden. Dêrfandinne neamt de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) neamt de soarte as net bedrige (Least Concern, 2026).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: