Springe nei ynhâld

Wytrêchnachtreager

Ut Wikipedy
Wytearnachtreager
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljereagerfûgels (Ardeidae)
skaaiwytrêchnachtreagers (Calherodius )
soarte
Calherodius leuconotus
Wagler, 1827
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De wytrêchnachtreager (Calherodius leuconotus, synonym: Gorsachius leuconotus) is in fûgelsoarte út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae) en komt foar yn Afrika besuden de Sahara.

De fûgel yn Gambia.

De wytrêchnachtreager is in middelgrutte reager fan likernôch 55 sm lang mei in tige grut each en in wyt plak om it each hinne. De boppekant is brúnswart mei wite, plûmeftige skouderfearren dy't in trijehoeke op 'e rêch foarmje. De kiel is wyt, it boarst en de nekke binne rustbrún en de búk is wyt mei swarte streken. Yn 'e flecht is in wyt plak op 'e rêch te sjen en de poaten stekke dan wat efter de sturt út. De poaten binne meast gielgrien oant dof grienich en de snaffel is donker hoarnkleurich oant swartbrún en faak wat bleker oan 'e basis.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wytrêchnachtreager komt lokaal foar yn subsaharaansk Afrika en wurdt as monotypysk behannele of ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

De soarte waard tradisjoneel yn Gorsachius set, mar DNA-ûndersyk wiisde út dat de soarte lykas de besibbe wyteachnachtreager, nauwer besibbe is oan 'e reagers yn Egretta as oare soarten yn it skaai. Om't se relatyf âlde evolúsjonêre linen fertsjintwurdigje wurde se jimmeroan faker yn aparte skaaien ûnderbrocht, respektivelik yn Calherodius en Oroanassa.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel libbet yn wetterrike gebieten fan bosken en beboske savannes en is fral nachts aktyf. Oerdeis bliuwt er yn tichte begroeiïng en wurdt er komselden waarnommen, útsein as er skrikt.

It dieet is net goed bekend, mar oannommen wurdt dat er lytse fiskjes, amfibyen, weakdieren, skaaldieren, fleanende miggen en oare ynsekten yt.

Wytrêchnachtreagers bouwe in nêst fan tûkjes, in platfoarm dat net heech, mar goed ferside yn beammen of strûken boppe wetter sit, somtiden lykwols ek yn beammen yn sompen, reidfjilden of op rotsen. In lechsel bestiet út twa oant trije, somtiden fjouwer aaien.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, mar oannommen wurdt dat de oantallen troch habitatferlies (it ûntboskjen en it ferdwinen fan galerijbosken) ôfnimme, mar net sa slim dat de soarte as bedrige beskôge wurdt. De IUCN klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (LC) op 'e Reade List.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: