Wytrêchgier
| wytrêchgier | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Gyps africanus | ||||||||||||
| Salvadori, 1865 | ||||||||||||
| IUCN-status: krityk | ||||||||||||
De wytrêchgier (Gyps africanus), ek wol de Afrikaanske wytrêchgier neamd, is in rôffûgel út 'e famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). It wie foarhinne de meast algemiene gier fan Afrika, mar de populaasje is de lêste jierren tige hurd ôfnommen.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In folwoeksen wytrêchgier hat in gemiddelde lichemslingte fan 94 sm. De wjukspanne is likernôch 218 sm en it gewicht leit tusken de 4,15 en 7,20 kilogram.
Nettsjinsteande de namme is de rêch fan 'e fûgel net hielendal wyt, mar earder donkergriis. De namme ferwiist benammen nei de ljochte stút dy't goed te sjen is as de fûgel de wjukken iepenet. Hy hat in krêftige swarte snaffel, in keale donkere kop en in lange, wittige nekke mei brune spikkels. It lichem is foar it grutste part brún, útsein de boppekant fan 'e romp en de fearren op 'e boppepoaten, dy't wyt binne. De wjukken binne brún mei wat donkere úteinen.
Fersprieding en habitat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt wiidferspraat foar yn Afrika besuden de Sahara. It is meastentiids in stânfûgel, hoewol't der oanwizings binne dat guon populaasjes yn West-Afrika yn 'e reintiid nei it noarden lûke. It leefgebiet bestiet út iepen lânskippen sa as steppes en savannes. Dizze gier mijt tichte bosken en ek hiele keale woastinen.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytrêchgier is in tige sosjale fûgel. Se frette net allinne yn grutte groepen, mar briede ek yn losse koloanjes. Dat biedt beskerming tsjin rôfdieren en makket it útwikseljen fan ynformaasje oer wêr't fretten te finen is makliker. Oars as in soad oare grutte gieren dy't op rotsrânen briede, is de wytrêchgier in fûgel dy't heech yn beammen briedt. It wyfke leit mar ien wyt aai yn 't jier. It útbrieden fan it aai duorret likernôch 56 dagen en wurdt troch beide âlden dien.

De wytrêchgier is in iesiter dy't foaral fan deade bisten libbet. Se hawwe in foarkar foar de yngewanten fan in karkas, om't dat fleis sêfter is. Mei harren grutte wjukken kinne se oerenlang op 'e termyk sweve sûnder in soad enerzjy te ferbrûken. Se hawwe tige skerpe eagen en kinne fan grutte hichte ôf karkassen op 'e grûn waarnimme.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Hoewol't it oantal wytrêchgieren yn 2007 noch rûsd waard op sa'n 270.000 yndividuen, is de populaasje sûnt dy tiid katastrofaal ôfnommen. De oarsaken hjirfoar binne it ferlies fan habitat troch yntinsive feehâlderij, de jacht op libbene gieren en fergiftiging troch it medisyn diclofenac yn it fee. Streupers fergiftigje mei opsetsin karkassen om de bisten út te roegjen, om't gieren boppe deade oaljefanten of noashoarns sirkelje en sa de lokaasje fan streupers ferriede kinne.
Fanwegen de snelle efterútgong fan 'e soarte is de status op 'e Reade list fan 'e IUCN de lêste jierren fluch oanpast: yn 2008 hie de fûgel noch de status gefoelich, yn 2012 bedrige en sûnt 2015 stiet de wytrêchgier as krityk bedrige (Critically Endangered) op 'e list.
Om it útstjerren fan 'e wytrêchgier tefoarren te kommen, binne der ferskate inisjativen opset. Lykas yn Aazje wurde der yn lannen as Súd-Afrika, Botswana en Simbabwe feilige sônes foar gieren ynsteld, grutte gebieten dêr't boeren en lânbesitters tasein ha gjin gif te brûken en dêr't de stroomkabels gierfreonlik makke binne. Ek binne der spesjalisearre opfangstasjons, lykas dat fan 'e organisaasje VulPro yn Súd-Afrika, dêr't ferwûne of fergiftige gieren opfongen wurde om se nei genêzing wer út te setten yn it wyld. Ek wurde dêr fûgels yn finzenskip fokt om de wylde populaasje letter oan te foljen. Op ferskate plakken yn súdlik Afrika wurde foerplakken ûnderhâlden, dêr't gieren karkassen krije dy't frij fan gif of lead binne. Om't streupers faak karkassen fergiftigje om de gieren (dy't harren lokaasje ferriede kinne) dea te krijen, wurde rangers oplaat om fergiftige karkassen fluch op te romjen foardat der hûnderten fûgels tagelyk fan frette.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Gier
- Bedrige fûgel
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
