Wytnekdo
| Wytnekdo | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Columba albinucha | ||||||||||||
| Sassi, 1911 | ||||||||||||
De wytnekdo (Columba albinucha) is in fûgel yn it skaai hôfdowen (Columba) út de famylje fan dowen (Columbidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bealchje fan 'e wytnekdo is 33 oant 34 sm lang en dêrmei likernôch like grut as in gewoane hôfdo. De sturt is mei ûngefear 11,7 sm wat langer as dy fan 'e hôfdo. Se wege tusken de 280 en 390 gram. De snaffel is by de basis swartfiolet en nei de spits ta read oant giel. De poatsjes binne read.
Wytnekdowen binne donker kastanjebrune fûgels mei in plak efter op 'e kop en yn 'e nekke, dat by mantsjes wyt en by wyfkes griis is. Op 'e rêch en oare dielen ûnstiet in skobbich patroan mei't de readbrune fearren wite punten ha. It kin is griis en de wjukken binne laaigriis.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt foar yn West-Kameroen, it easten fan Kongo-Kinsjasa, it westen fan Uganda en it sudwestlik grinsgebiet fan Súd-Sûdan mei Kongo en wurdt as monotypysk behannele, itjinge sizze wol dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten bestiet.
Wytnekdowen komme foar yn primêre en sekundêre reinwâlden fan in hichte fan 700 m oant 1800 m yn Uganda en 1100 m yn Kameroen, dêr't er yn pearkes yn 'e beamkroanen libbet.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytnekdo hat in grut ferspriedingsgebiet, mar it is yn hichte beheind en fragmintearre. Der wurdt tocht dat de soarte yn oantal ôfnimt, mar noch net sa slim dat de fûgel as bedrige beskôge wurde moat. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (LC, 2023) op 'e Reade list.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
