Wytkroanstirns
| wytkroanstirns | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Sterna trudeaui | ||||||||||||
| Audubon, 1838 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel |
De wytkroanstirns (Sterna trudeaui) is in Súdamerikaanske fûgel út 'e famylje fan 'e seefûgels (Laridae) yn it skift fan 'e wilstereftigen (Charadriiformes).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De wytkroanstirns is in frij grutte, mar slanke stirns dy't 41 sm lang wurdt. Oars as oare stirnzesoarten is de kop wyt mei in griisswart plak om en efter it each. Fierder is er ljocht mei blaugrize boppedielen en mei in wite bopperomp en sturtdekfearren. De tinne en wat bûge snaffel is sawat like lang as de kop en swart mei in giele punt lykas de klikstirns, mar yn it briedkleed is de snaffel oranje mei in swart en giele punt. De wjukken binne lang, smel en puntich mei donkerder punten. De sturt is djip foarke en de poaten binne oranjegiel.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytkroanstirns wurdt yn lagunes en sompen fan súdeastlik Brazylje en Uruguay oant Patagoanje oantroffen. Yn Paraguay en op 'e Falklâneilannen is de fûgel in dwaalgast. De fûgel wurdt behannele as monotypysk, itjinge betsjut dat er net ferdield is yn ûndersoarten.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytkroanstirns wurdt yn swietwetter- en sâltwettergebieten sjoen, sawol oan 'e kust as mear yn it binnenlân. Hy foerazjearret boppe helder wetter oan lagunes, rivieren en mûningen en siket nei lytse fiskjes of ynsekten, yn Sily benammen de fisksoarte Odontesthes regia. Hy kin ek foerazjearje op ikkers dêr't krekt rispe is. De soarte briedt fan oktober oant desimber, benammen yn sompige gebieten. Hy ferdigenet syn jongen en aaien fûl en fleant ynkringers letterlik oan.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wrâldpopulaasje fan 'e wytkroanstern is lyts en waard yn 2009 rûsd op mar 1.000-10.000 fûgels, mar om't de trend stabyl achte wurdt en it ferspriedingsgebiet relatyf grut is, wurdt de fûgel troch de IUCN kategorisearret as net bedrige klassifisearre (Least Concern, 2018).
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike soartenamme fan 'e fûgel eart dr. James de Berty Trudeau (1817-1887), in Amerikaanske dokter, ûntdekkingsreizger, samler fan fûgels en keunstner.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
