Springe nei ynhâld

Wytkrúnljip

Ut Wikipedy
wytkrúnljip
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaailjippen (Vanellus)
soarte
Vanellus albiceps
Reichenow, 1886
IUCN-status: net bedrige

De wytkrúnljip (Vanellus albiceps) is in fûgelsoarte yn it fûgelskaai ljippen (Vanellus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae). De soartenamme albiceps komt fan it Latyn en betsjut letterlik wite kop (albi = wyt, cept fan caput = kop).

De likernôch 32 sm lange wytkrúnljip hat in grize kop mei in wite krún fan 'e foarholle oant yn 'e nekke. Hy hat fierder in giele eachring en opfallende giele hûdsflappen by de snaffel hingjen. De snaffel is giel mei in donkere punt. De kiel is wyt en de rêch is brún. De wjukken binne boppe meast wyt mei in swart plak en swarte punten en fan ûnder griisbrún, wyt en swarte punten. De ûnderkant is suver wyt en de poaten binne giel oant gielgrien.

Oan 'e foarkant fan 'e wjuk sit in hurde, puntige útgroei fan bien, dy't ek oare ljippesoarten ha, mar by de wytkrúnljip opfallend grut is en brûkt wurdt tsjin oare fûgels dy't te deun by it nêst of territoarium komme .

De fûgel komt foar yn Afrika ûnder de Sahara yn in oansletten gebiet fan Senegal en Gambia eastlik oant Súd-Sûdan en súdlik fia westlik en de sintraal Demokratyske Republyk Kongo oant noardwestlik Angoala. Isolearre populaasjes komme ek foar yn westlik Uganda, súdeastlik Tanzania, oan 'e Sambezy en súdlik Mozambyk. De soarte wurdt as monotypysk behannele, wat betsjut dat er net ferdield is yn ûndersoarten.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wytkrúnljip is in waadfûgel dy't yn it kûltsje op sân of grind by rivieren briedt. In lechsel bestiet út twa oant trije aaien. It nêst en de piken wurde lûdroftich en fûl ferdigene tsjin alle ynkringers, ek al is it in nylhoars. It iten bestiet fral út ynsekten en oare lytse wringeleazen. De soarte foerazjearret faak yn lytse kloften as er net briedt.

Pyk
Kop
Fûgel yn Súd-Afrika

Status en bedrigingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar der wurdt tocht dat de oantallen ôfnimme, lykwols net sa bot om de fûgel as bedrige te beskôgjen. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2024). De wrâldpopulaasje wurdt tusken 56.000 en 128.000 fûgels rûsd (2023).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: