Wytkopgoars
| wytkopgoars | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje Wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Emberiza leucocephalos | ||||||||||||
| S.G. Gmelin, 1771 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De wytkopgoars (Emberiza leucocephalos) is in moskeftige fûgel út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae), in groep dy't de measte moderne auteurs hjoed-de-dei los fan 'e finkfûgels (Fringillidae) yndiele. De soarte komt eastlik fan 'e Oeral foar.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme fan it skaai Emberiza komt fan it Aldheechdútske wurd Embritz, dat goars betsjut. De soarte-oantsjutting leucocephalos komt út it Aldgryksk: leukos (wyt) en kephalos (kop).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytkopgoars is in stevige fûgel fan 16 oant 17,5 sintimeter lang, mei in tsjokke snaffel dy't oanpast is oan it iten fan sied.
It mantsje hat in wite krún en wite wangen, mei in kastanjebrune foarholle en kiel. De rêch is brún en sterk streke. It wyfke is folle minder opfallend fan kleur, ljochter en grizer en is op it kin en it boarst mear streke.
It winterkleed liket op dat fan 'e gielfink, mar dêrby is al it giel ferfongen troch wyt. De sang en roppen lykje op dy fan 'e gielfink.
Ferspriedingsgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytkopgoars briedt yn in grut part fan Aazje. Winterdeis lûkt de soarte nei it suden, nei Sintraal-Aazje, noardlik Yndia en súdlik Sina.
De soarte wurdt yndield yn twa ûndersoarten:
- westlike wytkopgoars, Emberiza leucocephalos leucocephalos – de nominaatfoarm, dy't fierwei it grutste part fan 'e wrâldpopulaasje útmakket.
- Emberiza leucocephalos fronto (Stresemann, 1930) – in lytse populaasje fan stânfûgels dy't briedt yn noardwestlik Gansu en noardeastlik Qinghai yn Sina.
Yn West-Sibearje krúst de wytkopgoars mei de giele goars. Dêrtroch komme der ferskate tuskenfoarmen tusken beide soarten foar.

Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De wytkopgoars libbet benammen fan sied, mar yt yn 'e briedtiid ek ynsekten. It nêst leit op 'e grûn en in lechsel bestiet út fjouwer oant seis aaien. Dy binne ljocht fan kleur en hawwe de foar goarsfûgels sa karakteristike hiereftige tekening.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar der wurdt oannommen dat it tal fûgels ôfnimt. Dy ôfname is lykwols net sa bot dat de soarte as bedrige beskôge wurde moat.
De Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld (IUCN) klassifisearret de wytkopgoars as net bedrige (Least Concern).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Goars
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
