Wytkopbuffelwever
| Wytkopbuffelwever | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Dinemellia dinemelli | ||||||||||||
| Rüppell, 1845 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De wytkopbuffelwever (Dinemellia dinemelli) is in sjongfûgel yn it monotypyske skaai wytkopbuffelwevers (Dinemellia) út de famylje weverfûgels (Ploceidae). It is de iennige soarte yn it skaai Anaplectes.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wytkopbuffelwevers wurde 17 oant 19 sm lang en weage 57 oant 85 gram. De fûgel hat in wite kop en wite ûnderkant en in oranje stút en oranje ûndersturtdekfearren. Op 'e iepen wjukken binne wite bannen te sjen.
Mantsjes en wyfkes ha in selde fearrekleed en binne dreech fan inoar te ûnderskieden. De snaffel is koanysk en swart.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt yn twa ûndersoarten ferdield en libbet fral op savanne's en drûge lânskippen mei strewellen en akasiastrûken yn 'e hoarn fan Afrika, Uganda, Kenia, Sûdan en Tanzania:
| ôfbyld | ûndersoarteSubspecies | fersprieding |
|---|---|---|
| D. d. dinemelli (E. Rüppell, 1845) | noardlik ferspriedingsgebiet: Sûdan, Etioopje, Somaalje, Uganda, noardlik Kenia. | |
| D. d. boehmi (A. Reichenow, 1885) | súdlik ferspriedingsgebiet: Kenia en Tanzania. | |
D. d. dinemelli hat brune kleuren op de plakken dêr't de D. d. boehmi swarter is.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wyfkopbuffelwever libbet yn lytse groepkes, fakentiden tegearre mei glânsprotters. Se foerazjearje meast op 'e grûn en bouwe de nêsten yn losse koloanjes yn toarnige beammen. De tagong fan in nêst sit oan 'e ûnderkant.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least concern, 2024) op 'e Reade list. Oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
