Springe nei ynhâld

Wytkinstirns

Ut Wikipedy
wytkinstirns

Fûgel yn winterdracht.
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaiwytstirnzen (Sterna)
soarte
Sterna repressa
Hartert, 1916
IUCN-status:

De wytkinstirns (Sterna repressa) is in fûgel út 'e famylje fan 'e seefûgels (Laridae) yn it skift fan 'e wilstereftigen (Charadriiformes).

Wytkinstirns.

De wytkinstirns is mei syn reade snaffel, swarte mûtse en grize boppekant oer it generaal in typyske wytstirns, mar dúdlik donkerder. Hy hat in langere snaffel en smellere wjukken as de gewoane wytstirns. Yn it simmerfearkleed is er boppe donkergriis. Hy is ek griis fan ûnder mei in smelle wite streek oer it wang en ûnder de snaffel troch, dêrfandinne ek syn namme. Yn 'e flecht is in frij brede donkergrize râne op 'e wjukken te sjen. Bûten de briedtiid hat de fûgel in swarte snaffel en in bûntere foarholle.

De fûgel briedt op eilannen en oan kusten fan 'e Reade See súdlik oant Somaalje en Kenia, eastlik oant de Perzyske Golf en Oman en lokaal yn noardwestlik Yndia. De measten binne trekfûgels. Syn oerwinteringsgebieten binne foar in grut part ûnbekend, mar se tinke dat se op see oerwinterje foar westlik Yndia en foar in part ek foar eastlik Afrika. In lytser oantal oerwinteret op see yn 'e súdlike Reade See foar Eritreä, foar it eilân Masirah yn Oman en foar de kust fan Bachrein. Yn 2015 waard foar it earst in briedgefal yn Israel registrearre op in platfoarm yn 'e Golf fan Akaba foar de kust fan Eilat.

Fûgel mei jong.

De wytkinstirns briedt mei oare stirnzen yn koloanjes fan 10 oant 200 pearkes, somtiden oant 900 pearkes. Nêsten lizze op rotsige, sânige- grint- of koraaleilannen of yn tinbegroeide dunen. It iten wurdt relatyf tichteby de kust socht, benammen boppe koraaleilannen binnen 3 km fan 'e kust. It iten bestiet út lytse fisken en wringeleazen.

De fûgel nimt yn oantallen ôf, mar net sa slim dat er bedrige wurdt. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, 2019). De fûgel hat slim te lijen hân fan it sammeljen fan aaien yn in oantal briedkoloanjes. Sa sakke it oantal briedpearkes op it eilân Shidvar foar de kust fan Iran fan likernôch 300.000 pearen yn 1972 nei minder as 30.000 yn 1977 (BirdLife International 2018). Oannommen wurdt dat it sammeljen fan aaien trochgiet, mar minder mei't de merk foar aaien ôfnommen is. Yn Yndia binne fûgels fûn mei sa'n soad opheapping fan gemyske stoffen, dat dat in bedriging foarmje kin foar de ûntwikkeling fan embryo's.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: