Japansk reuzefleanhoarntsje
| Japansk reuzefleanhoarntsje | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Petaurista leucogenys | ||||||||||||
| Temminck, 1827 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
It Japansk reuzefleanhoarntsje of wytkielfleanhoarntsje (wittenskiplike namme: Petaurista leucogenys) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e reuzefleanhoarntsjes (Petaurista). Dit bist komt foar yn Japan en Súd-Koreä. It is in mânsk iikhoarntsje, dat lykas oare fleanende iikhoarntsjes (Pteromyini) beskikt oer in losse hûdflap tusken de foar- en efterpoat, dy't er strak lûke en as wjuk brûke kin om te sweven. It is nachtdier dat him oerdeis net folle sjen lit, mei in strikt herbivoar dieet. De IUCN klassifisearret it Japansk reuzefleanhoarntsje as net bedrige.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Japansk reuzefleanhoarntsje waard yn 1827 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Nederlânske soölooch Coenraad Jacob Temminck.

Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It lânseigen ferspriedingsgebiet fan it Japansk reuzefleanhoarntsje beslacht it meastepart fan 'e trije súdlikste haadeilannen fan Japan. (Op it fjirde haadeilân, it noardlik Hokkaido, komt dit bist net foar.) Sjikokû heart yn syn gehiel ta it areaal fan it Japansk reuzefleanhoarntsje, wylst it bist op Kjûsjû ynkeld ûntbrekt yn it uterste noardwesten. Op it grutste Japanske eilân, Honsjû, mist it Japansk reuzefleanhoarntsje yn 'e krite om Hiroshima hinne en yn 'e stêdekloft fan Kobe, Osaka en Kioto fan 'e Japanske Binnensee oan 'e westkust by de Wakasabaai ta. Fierders ûntbrekt er oan 'e eastkust fan Honsjû ek yn 'e stêdekloft fan Tokio en op it Bososkiereilân oarekant de Baai fan Tokio, en oan 'e westkust teffens op it Notoskiereilân en yn it leechlân om Niigata hinne.
Opmerklik is in isolearre populaasje yn Súd-Koreä, yn it gebiet om 'e haadstêd Seoel hinne, dy't yn 2012 troch Richard W. Thorington jr. et al. beskreaun waard yn harren wurk Squirrels of the World. It tinken is dat it Japansk reuzefleanhoarntsje dêr eins in troch de minske yntrodusearre eksoat is, mar de yntroduksje moat dan wol sa lang lyn foarfallen wêze dat it Súdkoreaanske populaasje him ta in aparte ûndersoarte ûntjaan kinnen hat.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Japansk reuzefleanhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 36–46 sm, mei in sturtlingte fan 30–40 sm en in gewicht fan 0,7–1,5 kg. Dit bist is folle grutter as it Japansk dwerchfleanhoarntsje (Pteromys momonga), dat rûchwei yn itselde gebiet foarkomt. Dat is net swierder as 220 g en hellet dêrmei maksimaal 15% fan 'e lichemsgrutte fan it Japansk reuzefleanhoarntsje. De pels fan it Japansk reuzefleanhoarntsjeis op 'e boppeste lichemsdielen (kop, nekke, rêch, siden, sturt en de bûtenkant fan 'e poatsjes) fariabel en rint útinoar fan readbrún oant grizich giel of suver swart. De ûnderste lichemsdielen (kiel, boarst, bealch en de binnenkant fan 'e poaten) binne bêzje oant wyt. Oer de kop rinne ljochtere streken fan 'e sliepen fia de wangen nei de ûnderkaak ta.

Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Japansk reuzefleanhoarntsje komt foar yn alle wâldgebieten yn syn ferspriedingsgebiet, oft it no giet om leafwâld, mingd wâld of nullewâld. Ek oan sekundêr wâld kin dit bist him sûnder swierrichheden oanpasse.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Japansk reuzefleanhoarntsje bewennet beamholten dy't natuerlik wêze kinne of oars makke binne troch spjochten. Ek komt it foar dat er fûgelhúskes kreaket. Yn âldere, tichtere wâlden bout er soms sels in nêst heech yn 'e tûken fan in beam. Mantsjes hawwe in territoarium fan likernôch 2 ha, wylst wyfkes takinne mei in territoarium fan rûchwei 1 ha. De territoaria fan ferskate bisten oerlaapje inoar sterk. It Japansk reuzefleanhoarntsje is in nachtdier, dat pas likernôch in healoere nei sinne-ûndergong foar 't ljocht komme.
Krekt as oare fleanende iikhoarntsjes is de libbenswize fan dit bist strikt arboreaal. It komt nea op 'e grûn, mar ferpleatst himsels swevend fan beam nei beam. Lykas by alle fleanende iikhoarntsjes sit ek by it Japansk reuzefleanhoarntsje tusken de foar- en efterpoaten in losse, mei pels oerdutsen hûdflap (it patagium), dy't rikt fan 'e polzen oant de ankels. By it "fleanen" (eins sweven, want der is gjin sprake fan oandriuwing) strekt it iikhoarntsje de poaten út, sadat it patagium strak lutsen wurdt. De lichemsfoarm dy't sa ûntstiet, liket sterk op in wingsuit, dêr't guon weachhalzerige minsken wol mei sweve. De lange sturt, dy't foar in iikhoarntsje mar tin behierre is, tsjinnet by it fleanen as roer. De langste dokumintearre sweefflechten fan it Japansk reuzefleanhoarntsje oerbrêgen in ôfstân fan wol 160 m, hoewol't dat by de measte flechten mar 17–33 m is. Foar eltse ôfleine 10 m ferliest it Japansk reuzefleanhoarntsje 1,7–3,5 m oan hichte. Dat betsjut dat er foar de langste flechten tige heech begjinne moat.
Foar it Japansk reuzefleanhoarntsje binne twa peartiden dokumintearre: ien fan mids maaie oant mids juny en in oarenien fan mids novimber oant yn jannewaris. By de pearing produsearret it mantsje nei de ejakulaasje út syn penis in kleverige proteïne dy't hurd wurdt en de tagong ta de fagina fan it wyfke ôfslút. Dat wurdt in koïtusstop neamd. It komt foar dat it sperma út 'e fagina rinne kin en ferheget sa de kâns op befruchting. It kin ek behinderje dat itselde wyfke neitiid noch mei in oar mantsje pearet, hoewol't mantsjes har penis brûke kinne om in koïtusstop te ferwiderjen. De draachtiid duorret by it Japansk reuzefleanhoarntsje likernôch 74 dagen. Dêrnei smyt it wyfke ornaris 1–2 jongen, dy't troch har in fearnsjier lang fersoarge wurde. Mei likernôch 80 dagen begjinne se foar it earst sels te foerazjearjen.

Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It dieet fan Japanske reuzefleanhoarntsjes is strikt herbivoar. Yn 'e lette winter, by 't maityd en yn 'e iere simmer frette se hast útslutend blêden, knoppen en blommen, in libbenwize dy't soölogysk oantsjut wurdt as folivory. Fan 'e neisimmer oant en mei it begjin fan 'e winter steane der lykwols foar it meastepart sieden op it menu (granivory). Japanske reuzefleanhoarntsjes beplúzje dêrby dielen fan sa'n 45 plantesoarten. Oer it hiele jier nommen bestiet 40% fan it fretten út blêden, knoppen en blommen en 34% út sieden. Foar de rest wurdt it menu oanfolle mei 12% dinne-apels en soartgelikens fruchten fan oare nullebeammen, wylst nullen en oare plantedielen de restearjende 9% opmeitsje.

Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan it Japansk reuzefleanhoarntsje binne ferskate soarten ûlen, lykas de Oeralûle (Strix uralensis) en de hoarnûle (Asio otus).
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Japansk reuzefleanhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 4 (stân fan saken yn 2012) erkende ûndersoarten fan it Japansk reuzefleanhoarntsje (Petaurista leucogenys):
- it Koreaansk reuzefleanhoarntsje (P. l. hintoni) (de omkriten fan Seoel yn Súd-Koreä)
- it Nikkoreuzefleanhoarntsje (P. l. nikkonis) (sintraal en noardlik Honsjû)
- it súdlik Japansk reuzefleanhoarntsje (P. l. leucogenys) (de nominaat; Sjikokû en súdlik Kjûsjû)
- it Wakayamareuzefleanhoarntsje (P. l. oreas) (noardlik Kjûsjû en súdlik Honsjû)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Belege en Literatur, op dizze side.
|

