Springe nei ynhâld

Wythalsreager

Ut Wikipedy
Wythalsreager
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljereagerfûgels (Ardeidae)
skaaireagers (Ardea)
soarte
Ardea pacifica
Latham, 1801
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     briedfûgel en net-briedfûgel
     wintergast

De wythalsreager (Ardea pacifica) is in fûgel yn it skaai reagers (Ardea) út de famylje reagerfûgels (Ardeidae).

De wythalsreager is 76 oant 106 sintimeter lang. De reager hat in wite kop en nekke. De rest fan it lichem is laaigriis oant hast swart. Ek de wjukken en de sturt ha dy kleur, mar de wjukken ha wite rânen op 'e wjukbocht. De poaten en de snaffel binne meastentiids swart. Folwoeksen fûgels ha yn 'e briedtiid pearseftige sierfearren op 'e rêch en op it boarst.

De soarte komt yn hiel Austraalje foar en libbet ek op Tasmaanje, mar briedt dêr net. Fierder is de fûgel in wintergast yn dielen fan Nij-Guineä en in dwaalgast yn Nij-Seelân. It leefgebiet bestiet út ûndjip en swiet wetter en wiete greiden. De fûgel wurdt selden by brak- of sâltwetter sjoen.

De fûgel is monotypysk, itjinge betsjut dat er net yn ûndersoarten is ferdield.

Jonge wythalsreager.

De wythalsreager briedt ôfhinklik fan 'e reintiid tusken septimber en desimber (somtiden oant maart of april) yn losse koloanjes. De nêsten wurdt 15 oant 30 m heech yn beammen by wetter boud. De soarte is monogaam en beide âlders briede de 3 oant 4, maksimaal 6 ljocht blaugriene aaien yn 30 dagen út. Se fersoargje de piken ek alletwa, dy't nei 6 oant 7 wiken nei it útkommen útfleane.

De soarte yt fisk, kikkerts, ynsekten en reptilen.

De wythalsreager hat in grut ferspriedingsgebiet en allinnich dêrom al is de kâns op útstjerren tige lyts. De wrâldpopulaasje wurdt op 6.700 oant 16.700 fûgels rûsd en is nei alle gedachten stabyl. Dêrfandinne stiet de soarte as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: