Wytfoarholle-amazône
| wytfoarholle-amazône | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Amazona albifrons | ||||||||||||
| Sparrman, 1788 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De wytfoarholle-amazône (Amazona albifrons) is in pappegaai-eftige út de famylje fan 'e pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard foar it earst yn 1788 troch de Sweedske natuerûndersiker Anders Sparrman publisearre.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Mei in lingte fan likernôch 24 oant 26 sm is de wytfoarholle-amazône de lytste fan alle amazônepappegaaien. De fûgel is foar it grutste part grien mei swarte rântsjes oan 'e fearren. De namme ferwiist nei it wite plak op 'e foarholle. Om 'e eagen hinne hat de fûgel in reade kleur, dy't wol wat wei hat fan in bril. De krún is blau en de snaffel is ljochtgiel. Oars as by de measte oare amazônesoarten is der by dizze soarte wol in ferskil tusken de skaaien (seksueel dimorfisme): it mantsje hat in reade râne (spegel) op 'e skouder fan 'e wjuk, wylst dat by it wyfke hielendal grien is.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt foar yn in grut part fan Sintraal-Amearika, fan it westen fan Meksiko oant it noardwesten fan Kosta Rika. It habitat fariearret fan drûge tropyske bosken en savannes oant reinwâlden en kultuerlânskip. Se wurde faak sjoen yn lytse groepen fan 20 oant 30 fûgels, mar by in grut oanbod fan iten kinne de groepen wol útgroeie ta hûnderten fûgels.
De wytfoarholle-amazône wurdt yn trije ûndersoarten ferdield:
- Amazona albifrons albifrons (Sparrman, 1788): de nominaatfoarm, dy't foarkomt fan it westen fan Meksiko oant it súdwesten fan Gûatemala.
- Amazona albifrons saltuensis (Nelson, 1899): komt foar yn it noardwesten fan Meksiko (Sonora, Sinaloa). De blauwe kleur op 'e krún rint by dizze fûgel fierder troch oer de nekke en de rêch, en it grien hat faak in wat blauwige glâns.
- Amazona albifrons nana (Miller, 1905): Dizze ûndersoarte komt foar fan it suden fan Meksiko oant it noardwesten fan Kosta Rika. Sa't de namme nana al seit, is it de lytste fan 'e trije; se binne sa'n 2 oant 4 sm koarter as de nominaatfoarm.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytfoarholle-amazône yt in ferskaat oan fruchten, sied, nuten en beien. De soarte wurdt ek op plantaazjes en lânbougebieten oantroffen, dêr't se sykje nei mais en oare lânbougewaaks.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is noch rûnom oanwêzich yn syn ferspriedingsgebiet en neffens de gegevens fan BirdLife International nimt de populaasje yn it wyld sels yn oantal ta. Hoewol't der lokaal noch wolris sprake is fan 'e fangst foar de fûgelhannel en it ferdwinen fan geskikt habitat, klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige (LC).
Avikultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e avikultuer is de wytfoarholle-amazône in populêre fûgel fanwegen syn lytse grutte en syn yntelliginsje. Se kinne hiel aardich prate en lûden neidwaan, mar se steane ek bekend om harren skrille rop. Om't se frij lyts binne, wurde se faak holden troch minsken dy't net de romte hawwe foar de gruttere amazônesoarten.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
