Wyteachmiuw
| wyteachmiuw | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ichthyaetus leucophthalmus | ||||||||||||
| Temminck, 1825 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De wyteachmiuw (Ichthyaetus leucophthalmus; synonym: Larus leucophthalmus) is in fûgel út de famylje fan 'e seefûgels (Laridae). Foarhinne waard dizze soarte by it skaai Larus yndield, mar op basis fan genetysk ûndersyk wurdt de fûgel hjoed-de-dei opnommen yn it skaai Ichthyaetus.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wyteachmiuw is 39 oant 43 sm lang, weaget 275–415 gram en hat in spanwiidte fan 110 oant 115 sm. Yn 'e briedtiid hat de fûgel in swarte kop, mei in donker boarst, in bleekwyt boppeboarst en donkere wjukken. Boppe en ûnder it each sit dúdlik in wyt bôgje en de lange smelle snaffel is read mei in swarte punt. De poaten binne giel. Bûten de briedtiid is it swart fan 'e kap minder sletten en sitte der ljochtere plakjes. Jonge fûgels ha in swarte snaffel, binne brún op 'e kop, de nekke en it boarst en ha ljochtbrune fearren oan 'e boppekant en in swarte sturt.
De wyteachmiuw liket op 'e roetmiuw (Ichthyaetus hemprichii), mar dy is wat grutter. De roetmiuw hat ek relatyf langere wjukken en in swarte snaffel mei in read punt.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt foar oan 'e kusten fan 'e Golf fan Suez lâns de hiele Reade See oant de Golf fan Aden. It is in miuw dy't selden yn it binnenlân sjoen wurdt. Hy is sterk bûn oan see, mar minder faak te sjen by fiskersboaten as de roetmiuw.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte fan de populaasje is yn 2008 rûsd op likernôch 35.000 oant 38.000 folwoeksen fûgels en dat oantal is stabyl. Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat dizze soarte de status 'net bedrige' (Least Concern).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Swartkopmiuw
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn de Reade See
- Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan

