Springe nei ynhâld

Wytbraustrewelmosk

Ut Wikipedy
Wytbraustrewelmosk
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemoskfûgels (Passeridae)
skaaistrewelmosken (Gymnoris)
soarte
Gymnoris superciliaris
Blyth, 1845
IUCN-status: net bedrige

De wytbraustrewelmosk (Gymnoris superciliaris, synonym Petronia superciliaris) is in sjongfûgel yn it skaai strewelmosken (Gymnoris) út de famylje fan 'e moskfûgels.

Petronia superciliaris

De wytbraustrewelmosk wurdt likernôch 15 sm lang en is te werkennen oan 'e brede, krêmkleurige wynbraustreek. Lykas oare soarten yn it skaai hat de soarte in giel plak ûnder de kiel, mar dy is allinnich ûnder de krekte omstannichheden te sjen.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e fûgel wurde fjouwer ûndersoarten erkend:

It habitat fan 'e fûgel bestiet út healiepen, heuveleftich gea en savannes mei hjir en dêr wat boskjes. Ek komt de fûgel op kultuerlân foar oant 1500 m boppe seenivo.

Earder waarden de soarten fan it skaai Gymnoris opnommen yn Petronia, mar neffens DNA-stúdzjes binne de soarten yn skaai Gymnoris in sustergroep fan 'e mosken (Passer), wylst de rotsmosk (Petronia petronia) tichter by de sniemosken (Montifringilla) stiet.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Der binne gjin earnstige bedrigingen bekend en dêrfandinne wurdt de soarte troch de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN, 2024) as net bedrige (Least Concern, ) behannele. De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de fûgel wurdt as algemien of lokaal algemien omskreaun.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: