Wytboarstielgoes
| wytboarstielgoes | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Phalacrocorax carbo lucidus | ||||||||||||
| Lichtenstein, 1823 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De wytboarstielgoes (Phalacrocorax carbo lucidus) is in ûndersoarte fan 'e wiidfersprate ielgoes (Phalacrocorax carbo). Earder waard er gauris as in aparte soarte beskôge. De ûndersoarte falt op troch de wite hals en boarst en troch it feit dat guon populaasjes benammen yn swiet wetter libje. Hy moat net betiizge wurde mei de folle lytsere swartmaskerielgoes út Súd-Austraalje, dy't soms yn it Ingelsk ek de namme white-breasted cormorant kriget.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Phalacrocorax carbo lucidus is in ûndersoarte fan 'e ielgoes en heart ta de famylje fan 'e ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae). De taksonomyske status wie earder ûnwis, mar út genetysk ûndersyk die bliken dat P. c. lucidus binnen P. carbo falt. In foarm mei in swarte hals, dy't oarspronklik beskreaun waard as Phalacrocorax patricki of Phalacrocorax carbo patricki, wurdt no as in synonym fan P. c. lucidus beskôge.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lykas de namme seit hat de wytboarstielgoes as folwoeksen fûgel in wite hals en in wyt boarst. It wite gebiet wurdt yn 'e regel grutter as de fûgel âlder wurdt. Jonge fûgels hawwe mear ljochte plakken, dy't oant op 'e búk trochrinne. Fierders is it in grutte ielgoes dy't in soad op 'e gewoane ielgoes liket.
De fûgel wurdt likernôch 80–100 sm lang.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytboarstielgoes is de iennichste ûndersoarte fan 'e gewoane ielgoes dy't yn Afrika besuden de Sahara foarkomt. It is ek de iennichste foarm dy't populaasjes hat dy't folslein oan swiet wetter bûn binne, en de iennichste foarm fan 'e ielgoes mei in wyt boarst en in wite kiel.
Yn West-Afrika giet P. c. lucidus stadichoan oer yn 'e donkere foarm P. c. maroccanus. Dat ferskil is dêr net altiten maklik te sjen, om't P. c. maroccanus minder wyt op it boarst hat.

De West-Afrikaanske populaasje libbet foaral oan 'e Atlantyske kust, fan Marokko oant Guinee. De briedgebieten rinne fan 'e Kaapverdyske eilannen oant de fêste wâl. Yn 2006 waard dizze populaasje rûsd op likernôch 35.000 fûgels. In wichtich briedgebiet is it Nasjonaal Park Djoudj yn Senegal.
De wytboarstielgoes komt fierder foar fan Angoala oant Kaap de Goeie Hope en by de eastkust lâns nei Mozambyk. Hy komt rûnom de kust fan Súdlik Afrika foar, al is net hielendal dúdlik oft de kustpopulaasjes los steane fan 'e ynlânske populaasjes.
Op it fêstelân fan Afrika komt er faker foar yn it easten en suden as yn 'e drûgere westlike gebieten. Dêr is er meast allinnich te finen by rivieren dy't it hiele jier wetter hawwe en by opslachmarren. Yn binnenwetters komt er faak tegearre foar mei de langsturtielgoes en de Afrikaanske slangehalsfûgel, mar troch syn oare fiskgedrach en de grutte en aard fan syn proai brûkt er de wetteromjouwing op in oare wize.
Der binne ek populaasjes yn it binnenlân fan Nigearia, om 'e Tsjaadmar hinne en yn eastlik en súdlik Afrika, fan Sûdan nei it suden.
De foarm giet yn sintraal Afrika troch krusing ek frij maklik oer yn donkere foarmen.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wytboarstielguozzen binne opportunistyske fiskers yn fiskrike gebieten. Troch ûndersyk nei populaasjes yn West-Afrika is it bekend dat it iten tusken lokaasjes flink ferskille kin. Op alle plakken wiene in pear fisksoarten it wichtichst. It grutste part fan 'e proaien bestie út kustfisken, wêrfan't guon ek yn brak en swiet wetter foarkomme. De measte fisken dy't fretten wurde binne 10 oant 20 sm lang. De wytboarstielgoes kin him goed oanpasse oan feroarings yn it beskikbere iten.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Sjoch foar boarnen/referinsjes op en:White-breasted cormorant
|
- Ielgoes
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan
