Wytbúkreager
| Wytbúkreager | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ardea insignis | ||||||||||||
| Hume, 1878 | ||||||||||||
| IUCN-status: krityk
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
wintergast |
De wytbúkreager (Ardea insignis) is in fûgel yn it skaai reagers (Ardea) út de famylje reagerfûgels (Ardeidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De trochstrings likernôch 127 sm lange fûgel hat meast donkergrize boppedielen en in brúngrize rêch. Simmerdeis hat er in griiswite nekplom en lange grize fearren mei in wyt boarst. De 15,2 oant 17,6 sm lange snaffel is swart en by de punt en de basis grieneftich. De fûgel hat in griengriis gesicht en it kin is wyteftich. Wylst de boppekant fan 'e wjukken donkergriis is, is de ûnderkant wyt. De poaten binne donker.
Wytbúkreagers hearre ta de grutste reagersoarten fan 'e wrâld. De reuzereager wurdt yn 'e regel as de grutste reager beskôge.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt foar fan 'e foetheuvels fan 'e eastlike Himalaya yn Bûtan oant noardeastlik Yndia en yn noardlik Bangladesj en Birma. Hy kin ek foarkomme yn súdeastlik Tibet en is ek oantroffen yn Yunnan, Sina. De soarte is lykwols no útstoarn yn Nepal en mooglik ek yn Bangladesj. De measte resinte waarnimmingen komme út Assam en Namdapaha yn Arunachal Pradesh, Yndia, in pear plakken yn Bûtan en dielen fan Birma.
It leefgebiet bestiet út lytse en grutte rivieren mei sân- en grintbanken mei subtropysk leafbosk yn leechlân en oant hichten fan 1800 m boppe de seespegel.
De fûgel is monotypysk, itjinge betsjut dat de fûgel net wurdt ferdield yn ûndersoarten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e reager is beheind en de folsleine wrâldpopulaasje tige lyts. Neffens in rûzing fan 2007 soe de populaasje út 50 oant 250 folwoeksen fûgels bestean. Bedrigingen binne wetterfersmoarging fan it leefgebiet en fersteuring troch minsken. Boppedat hat de fûgel te lijen fan toerisme en streuperij. De genetyske diversiteit is troch de lytse oantallen lyts. Dêrom wurdt de soarte sûnt 2007 as krityk klassifisearre op 'e Reade list fan 'e IUCN.
Yn Bûtan, dêr't likernôch de helte fan 'e folsleine populaasje libbet, krewearret sûnt koart it "Center for White-bellied Heron conservation" foar it behâld fan 'e soarte troch ûndersyk út te fieren, in fokprogramma op te setten mei as doel nije populaasjes te stiftsjen en de genetyske diversiteit te ferbetterjen. Yn 2021 binne de earste piken mei sukses grutbrocht.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

