Springe nei ynhâld

Wytbúkiisfûgel

Ut Wikipedy
Wytbúkiisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaiAfrikaanske iisfûgels (Corythornis)
soarte
Corythornis leucogaster
Fraser, 1834
IUCN-status: net bedrige

De wytbúkiisfûgel (Corythornis leucogaster; synonym: Alcedo leucogaster) is in fûgel út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

De wytbúkiisfûgel is in lytse iisfûgel fan 13 sm lang en likernôch 14,5 gram. De boppedielen binne ultramaryn en de snaffel en poaten binne read. It ûnderbealchje is oranjebrún mei in wite streek, dy't fan 'e kiel nei de ûnderkant fan 'e sturt rint. Mantsjes en wyfkes binne gelyk.

De soarte libbet yn Sintraal- en West-Afrika en der wurde trije ûndersoarten erkend:

Foar de soarte is subtropysk bosk wichtich, mar de fûgel wurdt ek waarnommen yn wiete gebieten, plantaazjes of grutte parken.

De grutte fan 'e populaasje is net kwantifisearre. De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar is net algemien. Fanwegen it ferlies oan bosk yn it ferspriedingsgebiet wurdt der fanút gien dat de oantallen tebekrinne. Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de soarte de status fan net bedrige (2024).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: