Wytbúkielguozzen
| wytbúkielguozzen | ||
| keizerielgoes (Leucocarbo atriceps) | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| skift: | ginteftigen (Suliformes) | |
| famylje: | ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae) | |
| skaai: | wytbúkielguozzen (Leucocarbo) | |
| Bonaparte, 1856 | ||
It fûgelskaai fan 'e wytbúkielguozzen (Leucocarbo) heart ta de famylje fan 'e ielgoesfûgels en telt ferskate soarten dy't foar it meastepart lânseigen binne yn 'e subantarktyske gebieten, mei útsûndering fan 'e guano-ielgoes dy't mear nei it noarden ta oan 'e kust fan Súd-Amearika libbet.
Dizze fûgels ha in opfallend wite búk, in donker glânzgjend fearrekleed boppe en se ha in blau each. De measte soarten ha yn 'e briedtiid giele oant oranje wrateftige bultsjes by de snaffel. Ferskillende soarten binne endemysk en se libje faak op isolearre eilannen, lykas de Aucklandeilannen, de Bounty-eilannen en Heard- en McDonaldeilannen.
De typesoarte fan it skaai fan 'e wytbúkielguozzen is de keizerielgoes (Leucocarbo atriceps), dy't yn 1828 troch de Britske marine-offisier en ûntdekkingsreizger Phillip Parker King wittenskiplik beskreaun is.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Fersprieding | IUCN-status |
|---|---|---|---|---|
| Aucklandielgoes | Leucocarbo colensoi | Endemysk op 'e Aucklandeilannen (Nij-Seelân) | ||
| Bounty-ielgoes | Leucocarbo ranfurlyi | Endemysk op 'e Bounty-eilannen (Nij-Seelân) | ||
| Campbellielgoes | Leucocarbo campbelli | Endemysk op 'e Campbelleilannen (Nij-Seelân) | ||
| Chathamielgoes | Leucocarbo onslowi | Endemysk op 'e Chathameilannen (Nij-Seelân) | ||
| guano-ielgoes | Leucocarbo bougainvilliorum | Kusten fan Peru en Sily (Súd-Amearika) | ||
| keizerielgoes | Leucocarbo atriceps | Súdlik Súd-Amearika, Falklâneilannen en subantarktyske eilannen | ||
| Magelhaenielgoes | Leucocarbo magellanicus | Súdlik Súd-Amearika en Fjoerlân | ||
| Stewartielgoes | Leucocarbo chalconotus | Sudereilân en Stewarteilân (Nij-Seelân) | ||
| wratielgoes | Leucocarbo carunculatus | Endemysk op 'e eilannen yn 'e Strjitte fan Cook (Nij-Seelân) | ||
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
