Wytbânsee-earn
| wytbânearn | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Haliaeetus leucoryphus | ||||||||||||
| Pallas, 1771 | ||||||||||||
| IUCN-status: bedrige | ||||||||||||
De wytbânsee-earn (Haliaeetus leucoryphus) is in tige seldsume rôffûgel dy't heart ta it skaai see-earnen (Haliaeetus).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De wytbânsee-earn wurdt 72–84 sm lang en hat in spanwiidte fan 185–215 sm. De wat lytsere mantsjes binne wat lichter as de wyfkes. In folwoeksen wytbânsee-earn hat brune boppedielen en in sânkleurige kop en hals. De sturt hat in brede swarte einbân en in brede wite bân yn 'e midden.
Jonge fûgels binne hielendal brún.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik briedt de fûgel yn it eastlike Palearktysk gebiet oant om 'e Kaspyske See hinne yn Kazachstan, Ruslân, Tadzjikistan, Turkmenistan, Oezbekistan, Mongoalje, Sina, Yndia, Nepal, Bangladesj, Birma en Bûtan. Mar yn 'e rin fan 'e 20e iuw is de soarte yn grutte dielen fan dat gebiet ferdwûn as briedfûgel en komt er dêr net mear of allinnich as swalker foar.
De fûgel libbet yn wiete gebieten, fral by grutte marren en rivieren, en yn leechlannen oant 5.000 m.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De nêsten wurde yn hege beammen by wetter boud. Se briede fan septimber oant febrewaris yn noardlik Yndia en Birma en yn Bangladesj komt er ein augustus werom yn it briedgebiet.
Troch trije fûgels dy't mei in satellyt folge binne is men te witten kommen dat de fûgel op lange ôfstannen fan mear as 4.000 km fan Yndia nei Mongoalje en Ruslân migrearje kin. Ek wiene dy fûgels yn steat om op hichten fan mear as 6.000 m oer de Himalaya te fleanen (Steele 2017).
De wichtichste fiedselboarne fan 'e wytbânsee-earn bestiet út fisk, dy't er fangt sûnder djip te dûken. Hy yt ek wetterfûgels, kjifdieren, kikkerts, reptilen en ies. Ut en troch stelt er de proaien fan oare rôffûgels.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken streekrjochte ferfolging drage minsken by oan 'e delgong fan 'e soarte troch habitatdegradaasje, fersmoarging en it oerbefiskjen fan marren. It grutte ferspriedingsgebiet is misliedend om 't de soarte tige seldsum is en yn grutte dielen fan it ferspriedingsgebiet as briedfûgel ferdwûn is. Nei alle gedachten konsintrearret de briedpopulaaje him hjoed-de-dei yn 'e súdlike gebieten fan it ferspriedingsgebiet lykas Noard-Yndia, Bangladesj en Birma en ha de noardlike gebieten lykas Ruslân en Mongoalje gjin briedpopulaasjes mear. Yn Yndia feroarsaket de fersprieding fan 'e wetterhyasint delgong om't de fûgel lestich in proai fine kin. Yn Bangladesj nimt de soarte ôf troch it ferdwinen fan swietwettersompen.
De wrâldpopulaasje is lyts en waard yn 2016 rûsd op 1000 oant heechút 2500 folwoeksen fûgels. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de fûgel as bedrige (Threatened, 2021) klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- See-earn
- Bedrige fûgel
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
