Wyominggrûniikhoarntsje
| Wyominggrûniikhoarntsje | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Urocitellus elegans | ||||||||||||
| Kennicott, 1863 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
It Wyominggrûniikhoarntsje (wittenskiplike namme: Urocitellus elegans) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini) en it skaai fan 'e langsturtgrûniikhoarntsjes (Urocitellus). Dit bistke komt foar yn 'e westlike Feriene Steaten. It is in deidier fan 'e iepen romte mei in yn haadsaak herbivoar dieet. Wyominggrûniikhoarntsjes binne acht moannen fan it jier yn wintersliep. De IUCN klassifisearret dizze soarte as net bedrige.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan it Wyominggrûniikhoarntsje leit yn it binnenlân fan 'e westlike legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten. It beslacht it suden en súdwesten fan 'e steat Wyoming, it noarden, de midden en it noardwesten fan Colorado, it noardeasten en noarden fan Utah en it uterste súdeastlikste puntsje fan Idaho.

Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Wyominggrûniikhoarntsje is in lyts oant middelgrut grûniikhoarntsje mei trochinoar in kop-romplingte fan 20,6–21,6 sm en in sturtlingte fan likernôch 7,3 sm. It gewicht fan bedraacht 280–330 g, wêrby't oantekene wurde moat dat it bot fariëarret nei de tiid fan it jier. As de bistkes yn wintersliep geane, binne se nammentlik fet en folfretten, mar oan 'e ein fan 'e wintersliep binne se sterk fermeagere. De sturt is yn ferhâlding ta it lichem frij lang (foar in grûniikhoarntsje) en de earen binne grut.
De pels is op 'e midden fan 'e rêch en de boppekant fan 'e kop sânkleurich mei ljochtere spikkels dertrochhinne, mar skaait op 'e siden, yn 'e nekke en op 'e wangen wat fierder wat grizer út. De bealch, hals, poatsjes en de ûnderkant fan 'e sturt hawwe in ljochtere kleur, dy't fariëarje kin fan rodzich oant bêzje. De boppekant fan 'e sturt is brún oant sânkleurich.
It Wyominggrûniikhoarntsje dielt (parten fan) syn ferspriedingsgebiet mei oare langsturtgrûniikhoarntsjesoarten. It Kolumbiagrûniikhoarntsje (Urocitellus columbianus) en it richardsongrûniikhoarntsje (Urocitellus richardsonii) binne justjes grutter en it townsendgrûniikhoarntsje (Urocitellus townsendii) is wat lytser. It beldinggrûniikhoarntsje (Urocitellus beldingi) hat in koartere sturt en in rodziger bealch, en it Uintagrûniikhoarntsje (Urocitellus armatus) is op 'e bealch earder grizich as sânkleurich.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wyominggrûniikhoarntsjes binne bisten fan 'e iepen romte, dy't benammen foarkomme op berchgreiden en mei woastynaalst (Artemisia tridentata) begroeid gerslân yn bercheftige kriten. Op it mêd fan hichte komme se foar fan 1.500 m boppe seenivo oant in eintsje boppe de beamgrins. Yn dielen fan syn ferspriedingsgebiet kin it Wyominggrûniikhoarntsje ek yn leger leine gebieten oantroffen wurde. Saakkundigen binne fan tinken dat de bistkes dêr troch konkurrinsje mei it nau besibbe Uintagrûniikhoarntsje (Urocitellus armatus) fan 'e gaadliker hichte ferkrongen binne.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Wyominggrûniikhoarntsje hâldt in lange wintersliep dy't 8 moannen fan it jier yn beslach nimt, fan ein july oant en mei begjin april. Dêrmei is it foar in diel ek in simmersliep. De mantsjes geane oer it algemien earder yn wintersliep as de wyfkes en healwoeksen bisten. Dy lêsten jouwe har soms pas yn septimber del. By 't maityd komme de mantsjes likernôch in wike earder as de wyfkes foar 't ljocht.

Yn 'e 4 moannen jiers dat de bistkes aktyf binne, ferbliuwe Wyominggrûniikhoarntsjes likegoed noch 21 oeren deis yn harren eigengroeven hoale. It binne deidieren, dy't benammen moarns ier en jûns waar te nimmen binne. Se libje yn koloanjes dy't foar it meastepart út nau besibbe bisten besteane. Alle leden fan sa'n koloanje hawwe ornaris in eigen hoale. It territoarium fan in mantsje fan it Wyominggrûniikhoarntsje beslacht trochinoar 0,2–0,4 ha. Mar de territoaria oerlaapje inoar, sadat de populaasjetichtens wol 48 eksimplaren op 'e hektare berikke kin.
Wyominggrûniikhoarntsjes moatte konkurrearje mei ferskate oare kjifdieren, wêrunder it Uintagrûniikhoarntsje (Urocitellus armatus) en guon oare nau besibbe soarten langsturtgrûniikhoarntsjes (Urocitellus), mar ek mei it goudmantelgrûniikhoarntsje (Callospermophilus lateralis) en de gielbealchmarmot (Marmota flaviventris). In oare konkurrint, dy't net in kjifdier is mar in hazze-eftige, is de Amerikaanske fluithazze (Ochotona princeps). Mei it richardsongrûniikhoarntsje (Urocitellus richardsonii) kin it Wyominggrûniikhoarntsje soms krusings produsearje.
De peartiid begjint foar it Wyominggrûniikhoarntsje frijwol daliks nei't de wyfkes yn april út wintersliep kommen binne. De wyfkes binne mar 24 oeren yn it jier tyldriftich, dat der moat fuort tapakt wurde. De draachtiid duorret 22–23 dagen, wêrnei't der yn in ûnderierdske nêstkeamer trochinoar 6 jongen smiten wurde. Dy wurde nei 28–42 dagen ôfwûn en komme nei 28–35 dagen foar it earst bûtendoar. Nei 42-49 dagen binne se selsstannich. De mantsjes ferlitte dêrnei de koloanje fan 'e mem om in oar wenplak te sykjen, wat in evolúsjonêr meganisme is om yntylt foar te kommen. De wyfkes bliuwe lykwols by de koloanje dêr't se yn berne binne.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wyominggrûniikhoarntsjes binne yn haadsaak herbivoaren, dy't benammen tarje op in dieet fan blêden en sieden fan in ferskaat oan gerzen en krûden. Dy fieding folje se lykwols út en troch oan mei it fretten fan ynsekten, yn 't bysûnder imerkes en sprinkhoannen. Ek oar lyts wringeleas dierte, lykas oare lidpoatigen en wjirms, stiet wol op it menu.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan it Wyominggrûniikhoarntsje binne de prêrjewolf (Canis latrans), de sulverdas (Taxidea taxus), de Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii), de langsturtwezeling (Neogale frenata), de (gewoane) wezeling (Mustela nivalis) en ferskate soarten haukfûgels, wêrûnder de readsturtmûzefalk (Buteo jamaicensis) en de Amerikaanske hauk (Astur atricapillus).

Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Wyominggrûniikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige". Hoewol't it ferspriedingsgebiet yn 'e lêste oardel iuw gâns ynkrompen is, hat dizze soarte noch in relatyf rom areaal oerholden, dêr't er noch rûnom foarkomt. De populaasje liket boppedat stabyl te wêzen. Wol hawwe Wyominggrûniikhoarntsjes te lijen ûnder ferfolging troch de minske, benammen troch boeren, dy't de bistkes faak as skealik ûngedierte sjogge.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 3 (stân fan saken yn 2012) erkende ûndersoarten fan it Wyominggrûniikhoarntsje (Urocitellus elegans):
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Belege en Literatur, op dizze side.
|

