Wynroas (selskruier)
In wynroas is in meganisme wêrmei't in wynmûne op de wyn set wurdt. De wynroas is in lyts mûntsje, dy't op'e efterkant fan de kape of op'e sturt montearre is, heaksk op it wjukkekrús. Wannear't der gjin sydwyn is, stiet de wynroas stil. Sydwyn bringt de wynroas yn beweging, wêrnei't in oerbringing de kape fan de mûne yn beweging set, yn de rjochting fan de wyn. Yn Nederlân hawwe mar de mûne De Sterrenberg yn it Drintske Nijeveen en it seachmûntsje fan Wedderveer in selskruimeganisme. Yn it bûtenlân komme selskruiers lykwols nochal faak foar. Bygelyks binne de Greetsielske Twillingsmûnen yn Noard-Dútslân selskruiers.
De tongerlieder sit by de selskruiende, boppekruiende mûnen boppe-op de kape yn stee fan oan de roeden. Dy is op de kapesouder ferbûn oan in skoring om de keningsspil hinne.
Troch it ûntbrekken fan de sturt is der gjin tsjinwicht foar it geflecht en is de mûne gefoeliger foar stoarm.
Yn 1745 krige de Skotske smid Edmund Lee dy't wurke by Brockmill Forge by Wigan, Ingelân, patint op de wynroas. Andrew Meikle, in oare Skot, patintearre yn 1772 in oare wichtige útfining, de jaloezyen oan de wjukken [1], dy't, yn kombinaasje mei de wynroas, folle mear 'wyn yn 'e seilen joegen' as foarhinne.
- Wynroas op De Sterrenberg
- Oerbringing selsswichting en wynroas fan De Sterrenberg
- Wynroas op de Windmühle Messlingen
- Selskruimeganisme by de Windmühle Messlingen
- Spinnekopmûne Wedderveer
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |