Springe nei ynhâld

Wynmotor Molkwar

Ut Wikipedy
Wynmotor Molkwar
mûne / mole
Wynmotor Molkwar
Wynmotor Molkwar
lokaasje
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Molkwar
adresBy it Jan Boerskanaal oan 'e Stasjonswei
koördinaten52° 54' 10" NB 005° 26' 16" EL
bysûnderheden
type mûneAmerikaanske wynmotor
funksjepoldermûne
flecht12 meter
boujier1925
oare ynformaasje
eignerMûnestifting Súdwest-Fryslân
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer386776 386776
Webside
wynmotordatabase
Kaart
Wynmotor Molkwar (Súdwest-Fryslân)
Wynmotor Molkwar

De Wynmotor Molkwar is in poldermûne en ryksmonumint by op 'e grins fa 'e himrikken fan Molkwar en Koudum, yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

De mûne is in mealreeë Amerikaanske wynmotor, dy't ûngefear in heale kilometer besúdwesten Koudum oan it Jan Boerskanaal stiet. Hy waard yn 1925 boud foar de bemealing fan it westlike diel fan de polder de Grutte Wester Gersleat fan it wetterskip Ymedaem, as opfolger fan in yn dat jier sloopte tradisjonele poldermûne út 1854.

De wynmotor is in Herkules Metallicus, dy't makke waard by de Vereinigte Windturbine Werke AG yn Dresden en ymportearre waard troch de handelsmaatskippij R.S. Stokvis en Zn yn Rotterdam. Hy hat in wynrêd fan 30 blêden mei in diameter fan 12 meter en heart ta de grutste wynmotors fan Fryslân. De mûne, dy't yn 1994/1995 restaurearre waard troch de firma Bakker út Drylts, is eigendom fan de Molestifting Nijefurd. Hy is oanwiisd as ryksmonumint en kin op ôfspraak besichtige wurde.

Wynmotor Molkwar yn 'e delgeande sinne (2009)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: