Springe nei ynhâld

Wyatt Earp: Frontier Marshal

Ut Wikipedy
Wyatt Earp: Frontier Marshal
algemiene gegevens
auteurStuart N. Lake
taalIngelsk
foarmnon-fiksje
sjenrebiografy
1e publikaasje1931, New York
oarspr. útjwr.Houghton Mifflin
kodearring
ISBN978-0 67 18 85 373
(edysje 1995)

Wyatt Earp: Frontier Marshal is in ferneamde biografy fan Wyatt Earp (1848–1929), de bekende plysjeman en revolverman út it tiid fan it Wylde Westen, skreaun troch de Amerikaanske publisist Stuart N. Lake. De titel betsjut: "Wyatt Earp: Marshal oan 'e Amerikaanske frontier". It boek waard yn 1931 publisearre by de New Yorkske útjouwerij Houghton Mifflin. Wyatt Earp: Frontier Marshal fêstige de reputaasje fan Wyatt Earp as in krigele en ûnbefreesde hanthavener fan wet en iepenbiere oarder yn in tiid en op in plak dêr't gâns gebrek oan beide wie. It makke de namme fan Earp en de wichtichste konfrontaasje mei syn fijannen, de Sjitpartij by de O.K.-Kraal, húsriem ûnder de Amerikaanske befolking. Dat naam sokke foarmen oan dat beide neitiid ûnderdiel waarden fan 'e Amerikaanske folkloare. Mar de biografy bliek letter foar in grut part út leagens te bestean, sawol troch it wurk fan Lake, dy't it net sa nau naam mei de wierheid, as troch syn wichtichste boarne, Earp syn widdo Josephine, dy't benammen har eigen reputaasje en dy fan har man behimmelje woe. Op Wyatt Earp: Frontier Marshal waarden trije films en in tillefyzjesearje basearre.

Foar't er Wyatt Earp: Frontier Marshal skreau, lei Stuart N. Lake him al ta op it optekenjen fan ferhalen oer it Wylde Westen. Hy hie kunde oan Bat Masterson, in oare bekende plysjeman út dy tiid en in freon fan Wyatt Earp, en Masterson rikkemandearre him oan om kontakt op te nimmen mei Earp as er nije ferhalen hearre woe. Dat, Lake sette nei Earp ta yn 'e hoop in artikel foar in tydskrift oer de man skriuwe te kinnen. Earp wie doe yn 'e tachtich, en hy socht mei in beskate haast in biograaf om syn libbensferhaal op te tekenjen ear't er der sels net mear wie om dêroer te fertellen. It soe skoan kinne dat er ek in finansjeel motyf hie om in biografy publisearje te wollen, mei't er yn syn lêste jierren net in protte ynkomsten hie.

Hoewol't it úteinlike boek skreaun is as soe Earp it suver oan Lake diktearre hawwe, hie Lake mar acht kear in fraachpetear mei de âldman. Dêryn beskreau Earp syn libben mar yn 'e "grutste halen". Nei Earp syn ferstjerren, yn 1929, bemuoide syn widdo Josephine har mei de biografy, dy't se brûke woe om in behimmele ferzje fan it libben fan har man silger en harsels yn omrin te bringen. (Josephine Earp hie earder ferskate kearen besocht in autobiografy publisearre te krijen, mar gjin útjouwer woe mei har yn see salang't se net folslein iepen kaart spile, wat se wegere te dwaan.)

Foarbylden fan histoaryske eleminten dy't Wyatt Earp: Frontier Marshal net hellen, wiene dat Josephine op in stuit foar't se mei Earp yn 'e kunde kaam nei alle gedachten as prostituee wurke, en dat se yn Tombstone (Arizona) de mêtresse west hie fan sheriff Johnny Behan, in rivaal fan Wyatt Earp, dy't se oan 'e dyk sette nei't se him mei in kammeraatske fan harres op bêd trappearre. Ek dat Earp sels earder oer de putheak troud west hie mei in (oare) prostituee, Mattie Blaylock, moast ferburgen wurde, krekt as it feit dat Earp yn syn libben de eigner west hie fan ferskate bordelen en teffens fan saloons dêr't gokt waard.

Lake hie it mier oan 'e bemuoienissen fan Josephine mei it boek dat er oan it skriuwen wie. Hy besocht har te freon te hâlden en dochs fierhinne syn eigen gong te gean. Mar doe't er har net yn alle saken har sin jaan woe, reizge se ôf nei Boston om syn útjouwer te bepraten en sjoch ôf fan 'e publikaasje fan 'e biografy, dy't neffens har folstie mei "planute leagens". Nettsjinsteande dat wie se net te goed om nei de publikaasje fan it boek de royaltys yn ûntfangst te nimmen dy't har neffens it kontrakt, dat Earp foar syn dea mei Lake sletten hie, as syn widdo takamen.

Foarôfgeande oan it útkommen fan it boek publisearre Lake fjouwer selekte passaazjes yn it tydskrift The Saturday Evening Post. Hy brûkte foar it boek in styl fan fiksjonalisearre dialooch dy't doedestiden populêr wie, mar dy't tsjintwurdich net mear akseptearre wurdt foar serieuze biografyen. It boek kaam úteinlik op 7 oktober 1931 út, twa jier nei it ferstjerren fan Earp. Dyselde waard yn it boek delset as de "gallante ridder op it wite hynder", wylst noch Josephine, noch Mattie Blaylock ek mar ien kear neamd waarden. Wyatt Earp: Frontier Marshal wie fuortendaliks in bestseller en waard yn 'e Feriene Steaten ûnbidige populêr. Yn 1946 brocht Lake in werfertelling fan syn boek út ûnder de titel My Darling Clementine. Behalven de feroare namme stie dêr frijwol neat nijs yn, en it kin dan suver ek wol as in op 'e nij besjoene werútjefte fan Wyatt Earp: Frontier Marshall beskôge wurde.

Wyatt Earp.

Wyatt Earp: Frontier Marshal kaam út yn 'e Grutte Depresje, doe't akkuratens foar de lêzers minder wichtich wie as ôflieding fan 'e deistige ellinde. It boek waard yn koarte tiid tige populêr, mar al rillegau nei de publikaasje kaam der krityk op fan histoarisy lykas Frank C. Lockwood, William MacLeod Raine en Floyd Benjamin Streeter. Tsjintwurdich wurdt Wyatt Earp: Frontier Marshal troch de measte histoarisy ôfdien as fiksje. Under dyselden is John Mack Faragher, in wittenskipper ferbûn oan 'e Universiteit fan Yale dy't in erkend saakkundige is oangeande de skiednis fan it Wylde Westen. Hy omskreau it boek fan Lake yn The Tale of Wyatt Earp: Seven Films (1996) as "in fantasijrike hoax, in optinksel dêr't krekt genôch feiten trochhinne fermongen binne om it oannimlik te meitsjen."

Sjoernalist Burton Rascoe fan 'e New York Herald Tribune, dy't sels in biografy skreaun hie fan 'e froulike bandyt Belle Starr, hie yn 't earstoan grutte bewûndering foar Wyatt Earp: Frontier Marshal. Hy omskreau dat as "it bêst skreaune, oannimlikste en meislependste fan alle besteande boeken oer ferneamde plysjes en beruchte banditen." Der wie lykwols wat oan it boek dêr't er nei ferrin fan tiid erchtinkend fan waard. Begjin 1941 skreau er Lake in brief wêryn't er syn soarch útspriek. Lake skreau werom mei ferbjusterjende iepenhertigens. Sa fertelde er dat Earp by syn fraachpetearen mei de âldman "amper in stom wurd sein" hie, en as er al spriek, bestiene syn antwurden "foar it meastepart út mar ien wurdlid". Lake skreau dat er him "sjoernalistyk rjochtfeardige" fielde "om it Earp-manuskript op te tinken". Syn bedoeling wie om in metoade te finen dy't it boek "it stimpel fan autentisiteit" jaan soe. Hy ferfette: "Mooglik wie it in foarm fan 'falskspyljen'. Mar, doe't ik der ienris foarstie, besleat ik en brûk de foarm fan it direkte sitaat faak genôch om myn doel te berikken. Ik haw my gauris ôffrege oft ik it, wat dat oangiet, net wat oerdreaun haw."

Mar nettsjinsteande de fraach oft it feit of fiksje wie, hie Wyatt Earp: Frontier Marshal grutte ynfloed. Oant de 1930-er jierren wiene Wyatt Earp en syn wichtichste wapenfeit, de Sjitpartij by de O.K.-Kraal, fierhinne ûnbekend, net mear as in fuotnoat yn 'e skiednis fan it Wylde Westen. Wyatt Earp: Frontier Marshal fêstige sawol Earp as it fjoergefjocht yn Tombstone as ûnderdiel fan it Amerikaanske kollektive bewustwêzen. Dat waard letter nochris fuortsterke troch ferskate ferfilmings dy't op it boek fan Lake basearre wiene. It gie dêrby om 'e films Frontier Marshal út 1934 en Frontier Marshal út 1939. De lêste film hie de bekende akteur Randolph Scott yn 'e haadrol. De trêde en bekendste ferfilming kaam út yn 1946: My Darling Clementine fan regisseur John Ford, wêryn't Henry Fonda de rol fan Wyatt Earp fertolke. Suver mear noch foar de reputaasje fan Earp die de tillefyzjesearje The Life and Legend of Wyatt Earp, dy't fan 1955 ôf op 'e Amerikaanske tillefyzje kaam, en dy't krektlyk basearre wie op it boek fan Lake.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Marshal References, op dizze side.