Springe nei ynhâld

Wurkkamp Elfbergen

Ut Wikipedy
Yn dy barakken slepten de jonge wurkleazen dy't in pear wike meidiene oan in wurk- en learkamp yn de perioade 1934-1941
Elfbergen Gaasterlân. Brêge oer de fiver
Klokkestoel op it middenfjild, boud troch jonge wurkleazen yn 1939

It wurkkamp Elfbergen foar jonge wurkleazen waard yn 1934 stichte yn in natuergebiet noardlik fan it doarp Aldemardum yn Gaasterlân yn de Nederlânske provinsje Fryslân.

Elfbergen wie om 1900 hinne mei syn trije pleatsen de lytste fan 'e seis buerten dy ’t by Aldemardum hearden. Nei it útbrekken fan de Earste Wrâldoarloch waard de lokaasje Elfbergen klear makke foar it ynternearjen fan nei Nederlân flechte Belgyske soldaten. Yn seis houten loadsen koene totaal 600 man ûnderbrocht wurde. Om de ferfeling tsjin te gean waarden der op it terrein sportwedstriden organisearre: hurdrinne, fierspringe, toulûke, fuotbalje, keatse ensfh. De oanwêzigens fan safolle minsken yn dit natuergebiet wie net goed foar it wyld. Yn juny 1915 waard it sportterrein nei Riis ferpleatst en giene de soldaten nei barakken by in pleats yn Aldemardum en nei in eardere stienbakkerij yn Riis. Yn 1922 waarden by Elfbergen, op it lân fan lânbouwer J. Haga, twa kampen hâlden foar meniste jonges.

Frysk Komitee foar wurkleazesoarch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de maitiid fan 1934 frege it Frysk Komitee foar wurkleazesoarch oan de gemeente Gaasterlân in kamphûs foar jeugdige wurkleazen stichtsje te meien op it kampearterrein by Elfbergen. Gaasterlân woe graach meiwurkje ûnder de betingst dat it kamphûs foar jongerein fan alle libbensoertsjûging tagonklik wêze soe. It Frysk Komitee foel nammentlik ûnder de Sintrale foar Wurkleazesoarch, stichte troch de Ried fan Nederlânske Tsjerken foar praktysk kristendom. As kamphûs krige it Komitee it gebou Het Kompas. Dat wie tusken 1929 en 1933 brûkt foar protestantske tsjerketsjinsten op it wurkeilân Koarnwertersân yn de lêste faze fan de oanlis fan de Ofslútdyk. Yn de simmer fan 1934 waard it dêr ôfbrutsen en wer opboud op Elfbergen. It regear joech foar in skaplike priis fiif barakken ta foldwaan.

De earste kampen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sadree't it kamphûs klear wie en de barakken op har plak stiene, waarden der fuortendaliks wurkkampen organisearre 'foar elke jonge, oplaat of ûnoplaat, organisearre of net' tusken de 16 en 24 jier. It ferbliuw wie fergees foar de jonges, en de kosten waarden dekt troch donaasjes fan partikulieren en ferienings yn Fryslân en troch in lytse subsydzje fan it NCC, de National Christian Council (Nasjonale Kristlike Ried). De soarten wurk dy't foarsjoen waarden wiene ûnder oaren it oanlizzen fan paden yn 'e bosken, it oanlizzen fan sportfjilden, it bouwen fan in fytshok en in wurkpleats, it skilderjen en ûnderhâlden fan 'e gebouwen, en it oanlizzen en kultivearjen fan in grientetún. De earste wurkkampen duorren twa wiken. De earste kamplieder wie de hear Haselager. Yn oktober 1935 waard hy opfolge troch drs. L. H. Bouma, dy't earder kamplieder west hie op in ferlykber wurkkamp yn Oostvoorne. Neist wurk wie der ek in klam op ûntwikkeling en rekreaasje. De moarnen waarden bestege oan wurkjen, de middeis oan ekskurzjes, fytstochten en sport, wylst jûns lêzingen waarden hâlden en de jonges sels presintaasjes jaan koene.

It plan Westhoff

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It regear seach yn dat de wurkkampen foar jonge wurkleazen nuttich wêze koene en woe it partikulier inisjatyf wol stypje. Mar dan moast der in gruttere klam op wurkjen komme te lizzen, op kosten fan learen en ûntspannen. De minister fan Sosjale Saken joech de ryksynspekteur foar de wurkferskaffing te Swol, ir. J. Th. Westhoff, opdracht om in rapport te skriuwen oer de direkte mooglikheden fan'e wurkferskaffing by de wurkleasheidsbestriding. Syn wichtichste oanrikkemedaasjes wiene dat de kampen tenei twa moanne duorje soene, dat it wurk – 40 oeren yn 'e wike – nuttich wêze moast en dat it ûnder fakkundige lieding útfierd wurde moast. Yn Elfbergen besleat mei ta it útspitten fan in fiver foar de ferbettering fan de ôfwettering yn it natuerreservaat. De dielnimmers krigen tenei twa gûne yn 'e wike bûsjild en fyftich sinten fytsfergoeding. As it nedich wie koene se wurkklean en skuon yn brûklien krije. It earste wurkkamp, op dy grûnslach, waard hâlden yn septimber en oktober 1935. Yn 1936 waard Bouma opfolge troch Willem Struiksma.

It earste lange wurkkamp begûn op 10 septimber 1935 mei it wurk oan 'e fiver, en it waard foltôge op 27 febrewaris 1937. Yn totaal waarden der 9.000 mandagen oan bestege. De fiver wie 110 meter lang en 45 meter breed, mei in fersmelling yn 'e midden dêr't in brêge oer boud waard. De grûn waard ôfgroeven oant in djipte fan 2,5 meter, en it normale wetterpeil wie 1,5 meter. In part fan 'e ôfgroeven boaiem bestie út hurde balstienliem, dy't mei pikhouwelen bewurke wurde moast. Troch swiere rein en omheech kommend grûnwetter stie der al wetter yn 'e fiver foardat it syn folsleine djipte berikte. Dat wetter moast mei de hân útpompt wurde mei in Archimedes-skroef. De brêge oer it smelle stik wie makke fan rûnhout, en de wurden Werkkamp Elfbergen en de jierren 1935-1937 wiene op 'e relingen skreaun. Op 13 maart 1937 joech prof. dr. G. C. Wagenaar, foarsitter fan de Fryske Komitee, de fiver oer oan de boargemaster fan Gaasterlân, G.W.C.D. Baron thoe Schwarzenberg en Hohenlandberg.

Untwikkeling en ferdivedaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei in wurkwike fan fjirtich oeren wiene allinnich de jûnen oer foar ûntwikkeling en rekreaasje. Der wie in breed oanbod fan kursussen beskikber, dêr't elkenien twa fan folgje moast: algemien ûnderwiis (skiednis, ierdrykskunde, lêzen, skriuwen), bibelkennis, earste help, ambachten, de Fryse taal, skaken en dammen. Op ûntwikkelingsgearkomsten waarden fragen en antwurden oangeande religy, polityk en maatskippij behannele, wat meastal resultearre yn in libbene diskusje. Foar rekreaasje spilen de jonges domino en sjoelen en waarden iepen modiums organisearre. Ek waarden ymprovisaasje- en memoraasjewedstriden hâlden.

Struiksma waard yn 1939 oproppen foar de mobilisaasje en syn opfolger waard Douwe Tamminga. Op [[10 maaie] 1940, de earste oarlochsdei, waard it kamp Elfbergen oanwiisd as in ynternearringskamp foar 'steatsgefaarlike eleminten': NSB 'ers. Alle oanwêzige wurkleaze jongeren waarden hals oer kop nei hûs ta stjoerd en se begûnen it kamp ôf te setten mei stikeltried. Noch dyselde deis kaam it befel om de ynternearren oer de Ofslútdyk nei Hoarn te bringen, omdat it Dútske leger folle flugger opluts as ferwachte wie. De kursussen foar melkers en skippers waarden in skoft nei de Nederlânske kapitulaasje wer oppakt, foar koarte tiid, mei't op 2 maaie 1941 it lêste diploma fan de molkekursus útrikt waard. Nei de befrijing blieken de gebouwen fan it kamp Elfbergen ôfbrutsen te wêzen. Yn 1965 kaam de namme fan it kamp werom as Kemping Elfbergen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Boarnen