Wurchearn
| Wurchearn | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Morphnus guianensis | ||||||||||||
| (Daudin, 1800) | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De wurchearn of wjirchearn (Morphnus guianensis) is in rôffûgel út Latynsk-Amearika. De fûgel hat in soad fan 'e harpij, mar is wat lytser. It is de iennige soarte yn it skaai wurchearnen (Morphnus).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wurdt 71 oant 89 sm lang, hat in spanwiidte 138 oant 176 sm en liket in soad op 'e harpij. De twa soarten binne dreech fan inoar te ûnderskieden. It grutste ferskil is dat de wurchearn wat lytser is. It fearrekleed ferskilt fan ljocht brúngriis oant donkergriis of yn guon gefallen sels swarteftich. Hy hat in wite kiel en in donker plak op 'e túf en in lyts donker masker oer de eagen. It boarst en de búk hat op 'e bleke dielen brune horizontale streken. De brede wjukken en lange sturt meitsje it dizze earn mooglik om betûft te manoevrearjen as er troch it reinwâld fljocht. De poaten ha gjin fearren. By jonge fûgels oerhearskje wite kleuren.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wurchearn libbet yn 'e leechlânreinwâlden fan Midden- en Súd-Amearika, benammen fan Gûatemala oant noardeastlik Argentynje. Fral fochtige gebieten, lykas rivier- en kustbosken, hawwe de foarkar. Yn Brazylje hat de fûgel troch ferneatiging fan syn habitat in ûnbidich grut part fan syn ferspriedingsgebiet ferlern. Dêr komt er foar it measte allinne noch foar yn it Amazônegebiet. Yn it grutste part fan it ferspriedingsgebiet wurde de soarten oant 600 m boppe seenivo waarnommen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Der is net in soad bekend oer it hâlden en dragen fan 'e soarte. Nei alle gedachten is dat foar in grut part itselde as dat fan 'e besibbe harpij. De fûgel kin oeren yn in hegen beam sitte sûnder him te ferwegen om sa de omjouwing te ynspektearjen. Hy konkurrearet net mei de harpij troch oer it generaal wat lytsere proaien út te sykjen. Proaien binne lytse oant middelgrutte apen, opossums, lytsere fûgels, reptilen en oare bisten dy't yn beammen libje. De nêsten binne ûnbidich grut en wurde yn 'e heechste beammen boud. In lechsel bestiet út ien of twa aaien.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wurchearn hat in frij grut ferspriedingsgebiet en dêrom is de kâns op útstjerren net sa grut. De fûgel is lykwols seldsum en tige gefoelich foar de gefolgen fan 'e jacht. Om 't se lang sitte sûnder harren te ferweechjen, binne se, as se ienris fûn binne, maklik del te sjitten. De soarte is ôfhinklik fan grutte, útwrydske wâlden en de oantallen nimme ôf troch it oanhâldende ûntboskjen fan it leefgebiet, benammen yn leechlizzende gebieten. Yn it hiele ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel is in efterútgong waarnommen. Dêrfandinne wurdt de soarte troch de IUCN as gefoelich op 'e Reade list klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Wurchearn
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Suriname
