Wopkje Hutting-Kooistra

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Wopkje Kooistra)
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Wopkje Hutting-Kooistra
persoanlike bysûnderheden
echte namme Wopkje Hutting-Kooistra
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 10 juny 1924
berteplak Wergea (Fryslân)
stoarn 30 maaie 2017
stjerplak Ljouwert (Fryslân)
etnisiteit Frisian flag.svg Frysk
wurkpaad
berop/amt húsfrou
aktyf as Alvestêdetochtrydster
jierren aktyf 19411954

Wopkje Hutting-Kooistra (Wergea, 10 juny 1924Ljouwert, 30 maaie 2017)[1] wie in Fryske frou dy't yn 1941 de Alvestêdetocht op redens wûn.[2][3]

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hutting-Kooistra waard yn 1924 berne op in boerespultsje[3] ûnder Wergea,[2] dat út nei Warten.[3] Se naam yn 1941 as sechstjinjierrich famke diel oan 'e Sânde Alvestêdetocht,[2] dy't dat jiers ferriden waard op 6 febrewaris.[2] Fan har mem mocht se eins net, mar har heit fûn it prachtich.[3] Se foltôge de tocht yn in tiid fan alve oeren en njoggen minuten,[2] wat achttjin minuten flugger wie as de twadde froulike dielnimmer dy't oer de streep kaam, har goede freondinne en doarpsgenoate Sjoerdtsje Faber.[2]

Neffens harsels levere Hutting-Kooistra dy prestaasje op inkeld in grut board hjouwerflokken en in stik as wat brochjes mei tsiis, dy't se yn 'e bûsen hie.[2] Moarns fytste se nei Ljouwert ta en jûns wer werom nei hûs, en de oare moarns om fiif oere siet se alwer ûnder de kij (te melken).[3] Lykwols waard se net registrearre as winnaresse, om't der doedestiden gjin offisjeel wedstrydbelied foar froulju bestie.[2]

Neitiid ried Hutting-Kooistra ek de Alvestêdetochten fan 1942, 1947 en 1954 út, sadat se yn totaal mar leafst fjouwer Alvestêdekrúskes sammele.[2] Tegearre mei Faber sette Hutting-Kooistra har yn foar in offisjele wedstryd foar froulju dy't parallel oan dy foar de manlju plakfine moast.[2] It duorre lykwols noch oant 1984 ear't dat formeel regele wie.[2] Hutting-Kooistra kaam op 30 maaie 2017 yn Ljouwert te ferstjerren, tsien dagen foàr har 93e jierdei.[2] Se hie sân bern en ferskate beppesizzers.[1]

Maratonriders Jeen van den Berg en Jeen Nauta wiene neven fan Wopkje Hutting-Kooistra.[3] Langebaanrider Jorrit Bergsma is in efterneef fan harres.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Stjerberjocht fan Wopkje Hutting-Kooistra.
  2. 2,00 2,01 2,02 2,03 2,04 2,05 2,06 2,07 2,08 2,09 2,10 2,11 ——, Elfstedenwinnares Hutting Overleden, yn: de Ljouwerter Krante, 2 juny 2017, s. 3.
  3. 3,0 3,1 3,2 3,3 3,4 3,5 Boers, Erwin, Elfstedenvrouwen Erkend, yn: de Ljouwerter Krante, 17 augustus 2021, s. 21.
  4. Elfstedensite.nl