Springe nei ynhâld

Woodstock '99

Ut Wikipedy
Woodstock '99
plak en tiid
lânFeriene Steaten fan Amearika
plakRome
datum22-25 july 1999
bysûnderheden
gelegenheid30e jierdei fan Woodstock
soarte evenemintmuzykfestival
sjenrerockmuzyk
org. trochMichael Lang,
John Scher
offisjele webside
woodstock1999.com

Woodstock '99 wie in muzykfestival ta eare fan de 30e jierdei fan it Woodstockfestival dat yn 1969 organisearre wie. It festival hie plak fan 22 oant en mei 25 july 1999, mei de 22ste as 'pre-day'. De lokaasje wie in fleanbasis dy't net mear yn gebrûk wie, de Griffiss Air Force Base yn Rome yn de Amerikaanske steat New York. Dat terrein lei 160 km fan it terrein dêr't it oarspronklike Woodstockfestival organisearre wie.

Op en nei it festival die bliken dat der sprake west hie fan geweld, fandalisme, seksueel misbrûk/seksueel geweld en brânstichtsjen. Dat hat ta ferskate rjochtsaken tsjin de organisatoaren laat. It terrein moast úteinlik op de sneintejûn troch de steats- en lokale plysje skjinfage wurde. Yn de Netflix-dokumintêre Trainwreck: Woodstock '99 wiist regisseur Jamie Crawford op ferskate mooglike oarsaken fan de eskalaasje: de langst nei in hege winst fan de organisatoaren (en dêrmei de minne organisaasje mei te min befeiliging en himmelders en te hege prizen) en de toksyske maskuliniteit fan ein jierren 1990. Nettsjinsteande dat neame de organisatoaren it nei ôfrin in suksesfol festival.

Yn it hiele wykein binne 44 minsken arrestearre, 1200 minsken waarden behannele op de EHBÛ, fjouwer froulju waarden ferkrêfte en trije minsken rekken wei.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL