Wongado
| wongado | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Leucosarcia melanoleuca | ||||||||||||
| (Latham, 1801) | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De wongado (Leucosarcia melanoleuca) is in fûgel út de famylje dowen (Columbidae). It is de iennige soarte yn it skaai fan de wongadowen (Leucosarcia). De namme 'wongado' komt fan it Australysk-Ingelske wonga-wonga, in ferbastering fan waŋa-waŋa, de namme dy't de fûgel hie yn 'e taal fan 'e Darûk-Aboriginals, de oarspronklike bewenners fan it gebiet dêr't no de stêdekloft fan Sydney leit. Yn dy taal wie it in onomatopee basearre op 'e lûde rop fan 'e fûgel.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 38 oant 40 sm lange soarte is in grutte do mei sterke, krêftige poaten en in koarte nekke. It grutste part fan 'e fûgel is stielgriis. De kop is foar in part wyt en der rint fan 'e snaffel nei de nekke in smelle grize streek oer it each. De fûgel hat op it boarst in wite tekening yn 'e foarm fan in V. De fearren fan 'e búk binne wyt mei swarte plakjes. De do hat in rôze eachring en rôze poaten.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk yn Austraalje. Hy libbet meast op 'e grûn yn leafferliezend wâld en reinwâlden yn it easten fan Sintraal-Queensland oant súdeastlik Fiktoaria.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Se libje allinnich of lytse groepkes. De fûgel mijd gefaar en rint dan fuort, somtiden fleant er in stikje om op in tûke te sitten. Se ite fruit, beien en sied.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wongadowen ha in grut ferspriedingsgebiet. Der wurdt oannommen dat er yn oantal ôfnimt, lykwols net genôch om as bedrige beskôge te wurden. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte as net bedrige (LC).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
