Wonderword
Wonderword is in Ingelsktalige wurdsykpuzel. It wie de earste wurdsiker dy‘t tematysk opboud is en dêr't de oerbleaune letters mei-inoar in koadewurd foarmen. [1] Alle wurden yn it reaster wurde brûkt, de oerbleaune letters foarmje it oplossingswurd. It reaster hat in grutte fan 15×15 of 20×20. [2] Elke puzel hat in titel, in tema, in oplossingnûmer en in wurdlist.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wonderword waard foar it earst syndisearre (it fêstlizzen fan rjochten) yn 1970 yn Edmonton en Montreal. Sûnt 1980 hat Universal Press Syndicate fan Kansas City de syndikaasjerjochten hâlden. De puzel ferskynt yn twa formaten: in 15×15 reaster fan moandei oant en mei sneon en 20×20 foar sneinsedysjes. Om romteredenen publisearje guon sneinskranten in 15×15 ferzje ûnder de namme Teleword. Nei skatting berikt Wonderword mear as in miljoen lêzers deis.
Wonderword waard oprjochte troch de Kanadeeske skriuwer Jo Ouellet (1923-1997). [3]. Yn 1994 waard har soan David Ouellet ko-auteur oant har dea yn 1997. David Ouellet gie doe troch mei de rubryk mei syn frou Sophie Ouellet en redakteur Linda Boragina en in team fan meiwurkers.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wonderword ferskynt yn mear as 225 kranten yn Noard-Amearika. Wonderword jout boeken út yn twa soarten searjes. De Treasury-boeken bestiet út puzels dy't al publisearre binne út 1980. De Treasury-boeken befetsje likernôch 133 puzels, wêrfan 25 yn 'e gruttere 20×20-ôfmjitting. De twadde boekerige is de ‘’Collected Wonderword’’ in the Volume-rige. De puzels binne spesjaal foar it boek makke en hawwe soms in tema binnen in tema. Boektema's binne bygelyks 'Presidential Edition', 'Classical Television' en 'Book of Celebrities'. De Volume-boeken befetsje yn totaal 43 puzels, wêrfan 9 yn 'e gruttere 20 × 20-ôfmjitting. Wonderword ferskynt ek yn de “deistige-side" burokalinder.
Utlis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wurden binne yn alle rjochtingen: fertikaal, horizontaal, diagonaal en efterút. Spilers moatte alle wurden yn 'e wurdlist lêze en dan nei de puzel sjen. Sadree't in wurd fûn is, kin it omsirkele wurde of markearre. De letters wurde mear as ien kear brûkt, dus it is oan te rieden om net it hiele wurd te omsirkeljen. It kin nuttich wêze om earst de lange wurden te finen. As in wurd fûn wurdt, kin it yn de list trochstreke wurde. Nei it trochstreekjen fan alle wurden foarmje de oerbleaune letters de oplossing, of 'Wonderword'.
Erkenning
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wonderword hat puzels makke dy't ûnder oaren de oandacht lutsen hawwe fan Boeing, Swarovski en Bill O'Reilly. Wonderword is ûnderdiel fan de ‘’Puzzle Society’’.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|