Springe nei ynhâld

Wonder Woman 1984

Ut Wikipedy
Wonder Woman 1984
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Patty Jenkins
produsint Charles Roven
Deborah Snyder
Zack Snyder
Patty Jenkins
Gal Gadot
Stephen Jones
senario Patty Jenkins
Geoff Johns
Dave Callaham
basearre op Wonder Woman fan DC Comics
kamerarezjy Matthew Jensen
muzyk Hans Zimmer
filmstudio Warner Bros.
DC Films
Atlas Entertainment
The Stone Quarry
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Gal Gadot
Kristen Wiig
Pedro Pascal
Chris Pine
byrollen Amr Waked
Connie Nielsen
Robin Wright
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 16 desimber 2020
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske superheldefilm
taal Ingelsk
spyltiid 151 minuten
budget en resultaten
budget $200 miljoen
opbringst $169,6 miljoen
prizen 1 × SAG Award
filmsearje
filmsearje DC Extended Universe
● foarich diel Birds of Prey
● folgjend diel Zack Snyder's Justice League

Wonder Woman 1984 is in Amerikaanske histoaryske superheldefilm út 2020 ûnder rezjy fan Patty Jenkins, mei yn 'e haadrollen Gal Gadot, Kristen Wiig, Pedro Pascal en Chris Pine. De titel betsjut persiis wat it seit: de superheldinne Wonder Woman yn it jier 1984. It ferhaal folget Wonder Woman as se yn 'e Kâlde Oarloch in magysk artefakt op it spoar komt, dat in spoar fan ferneatiging troch de minsklike skiednis lutsen hat. Wannear't de oplichter Maxwell Lord it yn 'e hannen kriget, driget er troch koartsichtigens en klearebare egoïsme de Trêde Wrâldoarloch te feroarsaakjen. Underwilens hat Wonder Women swierrichheden by it loslitten fan har eigen ferline.

Wonder Woman 1984 makket diel út fan 'e DC Extended Universe-filmsearje. As sadanich folget er op Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn) en giet er foarôf oan Zack Snyder's Justice League. Yn 'e ferhaalline fan Wonder Woman is it in direkt ferfolch op Wonder Woman út 2017. De film krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes en fertsjinne yn 'e bioskopen syn produksjebudget net werom. Foar in diel kaam dat troch de beheinings dy't oplein wiene oan bioskoopbesyk yn it ramt fan 'e lockdowns y.f.m. de koroanapandemy, en foar in part lei it deroan dat Wonder Woman 1984 ek tagelyk al útbrocht waard fia de streamingtsjinst HBO Max, dêr't it de populêrste film fan 2020 waard.

As bern nimt Diana (de lettere Wonder Woman) op Themyscira, it ferburgen eilân fan 'e Amazônes, diel oan in wedstryd dy't alle fermogens test dêr't in kriichster oer beskikke moat, lykas hurddraven, dûken, swimmen, hynsteriden, bôgesjitten en spearwerpen. Har tsjinstanners binne folwoeksen Amazônes. Ta ferrassing fan eltsenien útsein harsels brûkt de jonge prinsesse har swakten as foardielen en nimt se hast daliks al de lieding. Se wit de oaren lange tiid foar te bliuwen, oant se troch eigen skuld by it hynsteriden efter in leechhingjende tûke stykjen bliuwt en út it seal reage wurdt. Har oplossing is om in pear hierspjeldbochten by de berch del ôf te snijen en har hynder in stik leger wer op te wachtsjen. Sa nimt se op 'e nij de lieding en liket se by it berikken fan it stadion dochs noch te winnen. Mar har learmasteresse Antiope stekt dêr in stokje foar en diskwalifisearret har omreden fan falskspyljen. Har mem, keninginne Hippolyta, treastget har, mar beskrobbet har ek om't se it wichtichste wedstrydelemint út it each ferlern is: dat in oerwinning inkeld sinfol is as dy op earlike wize ta stân komt.

Yn 1984, op it hichtepunt fan 'e Kâlde Oarloch, wurket Diana yn it Smithsonian Ynstitút yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. Underwilens ferrjochtet se temûk heldedieden yn 'e hoedanichheid fan har alter ego, de superheldinne Wonder Woman. In nije wurknimmer yn it museum, de skrutene en knoffelige geologe en kryptosoöloge Barbara Minerva, kin nei ferskate wiken by har nije wurkjouwer noch altyd op gjin inkele wize oansluting fine by har kollega's. Mei't se iensum is en gjin freonen hat, begruttet it Diana om har en begjint se bûten wurktiid om mei Barbara te sosjalisearjen.

Nei't Wonder Woman yn in winkelsintrum de berôving fan in juwelier feridelet, ûntdekt de plysje dat de rôvers it net op sieraden foarsjoen hiene, mar op it stellen antyk dêr't de juwelier yllegaal yn hannele. De Amerikaanske federale resjerzje FBI wurdt derby helle, dy't it Smithsonian Ynstitút freget om 'e yn 'e beslach nommen antike foarwerpen te identifisearjen en it komôf te efterheljen. Barbara kriget opdracht om har dêrmei te rêden. Diana is der nijsgjirrich nei fanwegen har eardere belutsenens by de saak. De measte stikken kinne har oandacht net fêsthâlde, mar in stik dat bestiet út in grutte sitrine (giele kwarts) op in fuotstik lûkt har belangstelling. Neffens de Latynske tekst op it fuotstik soe dizze 'Dreamstien' foar eltsenien dy't him fêsthâldt ien winsk yn ferfolling gean litte.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Diana noch Barbara leauwe dêr wat fan, mar wylst se de stien beethâldt, betinkt Diana wat har iennichste winsk wêze soe: dat har grutte leafde Steve Trevor, dy't yn 'e Earste Wrâldoarloch sneuvele is, wer ta libben kaam. Nei't Diana Barbara rêdt fan in keardel dy't him jûns yn it park oan har besiket te fertaasten, winsket Barbara de oare moarns, as se op har wurk de Dreamstien wer tsjinkomt, dat se krekt as sterk, seksy en cool as Diana wêze kin. Underwilens praat de mislearre sakeman Maxwell Lord himsels op glêde wize by it Smithsonian Ynstitút nei binnen ta, dêr't er Barbara, dy't alhiel gjin manlike belangstelling wend is, mei gemak ynpalmet. Syn doel is lykwols om 'e Dreamstien te stellen, wat er úteinlings oprêdt.

Wylst Diana in man moetet waans lichem bewenne wurdt troch de wer ta libben brochte geast fan Steve Trevor, en Barbara ûntdekt dat se no oer deselde superkrêften beskikt as Diana, smeit Lord plannen om mei help fan 'e Dreamstien syn sa goed as fallyte oaljemaatskippij te rêden. Syn winsk is om sels de Dreamstien te wurden en sa it fermogen te krijen om winsken yn ferfolling gean te litten en yn ruil dêrfoar te nimmen wat er wol fan dejinge dy't de winsk docht. Sa komt it, en Lord set útein mei in kampanje om 'e iene nei de oare persoan te manipulearjen ta it dwaan fan in winsk. Yn it begjin giet it dêrby om lju dy't him op 'e iene of de oare manear dwers sitten hawwe en op wa't er om dy reden wraak nimme wol. Mar al rillegau docht er it allinnich noch mar om't "mear" neffens him altyd itselde is as "better". Syn dwaan liedt al rillegau ta wrâldwide gaos, ferneatiging en politike ynstabiliteit, benammen as er mei in besyk oan Egypte it wankele machtslykwicht yn it Midden-Easten fersteurt.

Mei help fan Barbara ûntdekt Diana dat de Dreamstien in kreaasje wie fan Dolus, de Grykske god fan 'e leagens. By it dwaan fan in winsk jout it ding de winsker persiis wat dy wol, mar nimt yn ruil dêrfoar wat werom fan gelikense wearde. De iennichste mooglikheden om dat werom te draaien is troch de winsk werom te jaan of de stien sels te ferneatigjen. Diana, dy't Steve net nochris kwytreitsje wol, beslút dat de oplossing wêze moat om 'e Dreamstien te ferneatigjen, mar se ûntdekt al rillegau dat troch de winsk fan Lord de stien net mear ferneatige wurde kin, om't er yn sekere sin ommers al ferneatige is. Teffens ûntdekt se wat de Dreamstien har ûntnommen hat yn ruil foar it werombringen fan Steve: Diana rekket stadich mar wis har superkrêften kwyt. Barbara sjocht ûnderwilens allinnich mar de foardielen fan har winsk. Har hiele libben lang hat se iensum west en opsjoen tsjin oaren dy't populêrder, knapper en handiger wiene en dy't better mei minsken omgean koene as sy. No is sysels ynienen de populêre, knappe, seksy frou dy't nearne har hân foar omdraait en dêr't alle manlju efter oanrinne. Dat se yn ruil dêrfoar har freonlikens en minskleavjendheid ferliest, liket har in lege priis ta.

Lord besiket de presidint fan 'e Feriene Steaten, dy't er in winsk ûntfytmannet om mear kearnbommen te hawwen dy't tichter by de Sovjet-Uny opsteld steane. Sa komt it, mar hoewol't de presidint it gruttere kearnwapenarsenaal inkeld bedoelt as gruttere beskerming fan it eigen lân, sjogge de Russen de nije wapens, dy't se frijwol daliks ûntdekke, as in die fan klearebare agresje. De wrâld balansearret op 'e râne fan it útbrekken fan 'e Trêde Wrâldoarloch. Under syn besyk oan 'e presidint kriget Lord ek weet fan in nij en topgeheim satellytsysteem, dat de Amerikaanske oerheid it fermogen jout om yn te brekken yn 'e tillefyzje-útstjoerings fan alle lannen op 'e wrâld, om sa yn gefal fan need miljarden minsken tagelyk berikke te kinnen. Lord, dy't foar syn winsk betelle hat mei it opjaan fan syn sûnens, sjocht dêryn in mooglikheid om mei de libbenskrêft fan hûnderten miljoenen winskers wer better te wurden. By in gefjocht yn it Wite Hûs besykje Diana en Steve him tsjin te kearen, mar Barbara, dy't net wer werom nei har âlde sels wol, helpt him om út te naaien. Tegearre bejouwe se harren nei de studio fan it satellytprojekt.

Steve wit Diana einlings te bepraten om har winsk te annulearjen en him gean te litten. Neitiid rist Diana har ta yn it gouden harnas fan 'e legindaryske Amazône Asteria. Dyselde wie dejinge dy't efterbleau yn 'e minsklike wrâld om 'e ôftocht fan 'e Amazônes te dekken doe't sy harren op it mysterieuze eilân Themyscira fêstigen. Sa reizget Diana ôf nei de satellytstudio, dêr't se opwachte wurdt troch Barbara. Yn 'e tuskentiid hat Lord troch de winsken fan miljoenen minsken syn sûnens weromwûn en boppedat ekstra superkrêften oan Barbara taparte. Mar de Sovjet-Uny hat syn kearnwapens ôfsketten en dêrop hawwe de Feriene Steaten itselde dien. De wrâld hat noch trije kertier ear't er alhiel ferwoastge wurde sil.

Bûten de studio wurdt Diana opwachte troch Barbara, dy't no it meunster Cheetah wurden is, in ferminging fan frou en jachtloaihoars. Yn in fûleindige fjochtpartij dy't op 'e boaiem fan in mar einiget, wit Diana har úteinlings te ferslaan, mar se deadet har net. Yn 'e studio is Lord ûnderwilens te machtich wurden troch alle winsken dy't er ferfollet, sadat Diana net by him komme kin. Mar se brûkt har Lasso der Wierheid om fia him har boadskip oan alle tillefyzjesjoggers yn 'e wrâld oer te bringen. En dat is dat de minsken sels it lot fan 'e wrâld yn 'e hannen hawwe, om't se de wrâld rêde kinne troch harren winsken werom te nimmen.

Oan Lord sels lit Diana bylden sjen oer syn wiere ferline. Dêrtroch wurde de leagens fuortbaarnd dy't er himsels al jierrenlang ferteld hat. Oars as er altyd seit, is er yn earmoede opgroeit, yn in húshâlding dêr't syn mem mishannele waard troch syn heit en dêr't er sels gjin leafde fan syn âlden krige. Altyd wied er op skoalle en op 'e universiteit in bûtensteander, hoe graach oft er der ek by hearre woe. Syn almar wanhopiger besykjen om it te meitsjen as sakeman wiene earder sielich as heldhaftich. It iennichste wat echt wichtich is yn syn libben, is syn jonge soan Alistair, dy't op dit eigenste momint yn it haadkertier fan Lord syn oaljemaatskippij om him siket, en dêr lykme-allinne omrint wylst de kearnbommen op it punt steane om yn te slaan. As er dat sjocht, komt Lord einlings ta ynkear.

Oer de hiele wrâld begjinne minsken har winsken werom te nimmen. De presidint fan 'e Feriene Steaten is ien fan dyjingen, en as reäksje op syn wurden ferdwine de ôfsketten kearnwapens fan beide kanten ynienen fan 'e radar. Max Lord nimt syn winsk ek werom en hastiget him nei syn haadkertier ta om Alistair te sykjen en de jonge yn syn earms te sluten. Neitiid besiket Diana om har libben wer op te pakken en wer hielendal op 'e nij te learen om sûnder Steve te libjen. As it winter wurdt, treft se op in stuit op 'e strjitte de man waans lichem Steve in pear dagen bewenne hat en se wikselet mei him inkele freonlike wurden út.

Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling folget, rêdt in swarthierrige frou dy't op 'e rêch sjoen wurdt, it libben fan in mem en har bern troch mei boppenatuerlike krêft in baas peal op te fangen as boppe op harren driget te fallen. As hja har omdraait, blykt it lykwols net Diana te wêzen, mar in âldere frou, dy't harsels foarstelt as Asteria. De grutste fan 'e Amazônes blykt altyd noch te libjen en mank de minsken yn it ferburgene heldedieden te ferrjochtsjen, krekt sa't Diana dat docht.

Gal Gadot.
Kristen Wiig.
Pedro Pascal.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise  
Wonder Woman / Diana Prince Gal Gadot
Barbara Minerva / Cheetah Kristen Wiig
Maxwell Lord Pedro Pascal
Steve Trevor Chris Pine


byrollen
personaazje akteur/aktrise
emir Saïd bin Abydos Amr Waked
keninginne Hippolyta fan 'e Amazônes Connie Nielsen
Antiope Robin Wright
de jonge Diana Lilly Aspell
de man waans lichem Steve bewennet Kristoffer Polaha
Carol, baas fan Barbara Natasha Rothwell
sjamaan Babajide Ravi Patel
Simon Stagg Oliver Cotton
Alistair Lord Lucian Perez
Raquel, sekretaresse fan Lord Gabriella Wilde
Jake Kelvin Yu
presidint fan 'e Feriene Steaten Stuart Milligan
Venelia Doutzen Kroes
Asteria Lynda Carter (cameo)

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't se Wonder Woman makke hie, in superheldefilm dy't yn 2017 útkaam, joech regisseur Patty Jenkins oan dat se der wol wat yn seach om noch sa'n film te dwaan. Yn juny 2017 makke striptekener Geoff Johns yn in fraachpetear mei it tydskrift Variety bekend dat hy en Jenkins úteinset wiene mei it skriuwen fan it senario foar in ferfolchfilm. De produksje fan wat Wonder Woman 1984 wurde soe, waard yn july 2017 op 'e San Diego Comic-Con formeel troch filmstudio Warner Bros. oankundige.

De filmset fan Wonder Woman 1984 by Almería yn Spanje.

De film waard yndie wer regissearre troch Jenkins nei in senario dat sysels yn 'e mande mei Johns en Dave Callaham skreaun hie. As produsinten wiene Jenkins, Charles Roven, Deborah Snyder, Zack Snyder, Stephen Jones en haadrolspylster Gal Gadot by it projekt belutsen foar de filmstudio's Warner Bros., DC Films, Atlas Entertainment en The Stone Quarry. Foar de film wie in budget beskikber fan $200 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Matthew Jensen, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Hans Zimmer.

De opnamen foar Wonder Woman 1984 setten op 13 juny 2018 útein en duorren oant en mei 22 desimber fan dat jier. De opsetlik misliedende wurktitel Magic Hour waard brûkt om foar te kommen dat de filmsets ûnder de foet rûn wurde soene troch fans fan superheldefilms. Yn 'e Feriene Steaten waard filme yn Washington, D.C. en omlizzende kriten fan Noardlik Firginia. Filmlokaasjes yn Washington wiene û.o. de wiken Georgetown en Penn Quarter, it plein McPherson Square, de strjitten bûten it Amerikaanske Kapitoal, de Wjerspegelingsfiver fan it Tinkteken foar Lincoln en it Hirschborn Museum, dat ûnderdiel útmakket fan it Smithsonian Ynstitút. Yn Noardlik Firginia waarden û.m. yn 'e leechsteande Landmark Mall, in winkelsintrum yn Alexandria, de sênes mei de feridele berôving fan 'e juwelier opnommen.

Fierders waard ek filme yn Jeropa, dêr't de measte binnendoarsênes opnommen waarden yn 'e Warner Bros. Studios, Leavesden yn it Ingelske greefskip Hertfordshire. Opnamelokaasjes yn 'e Britske haadstêd Londen wiene St Andrew's Place, Regent's Park, Hyde Park, it Royal College of Physicians en it Savoy Hotel. Der fûnen ek opnames plak yn it Imperial War Museum yn it Ingelske greefskip Cambridgeshire. De sênes dy't plakfine yn Egypte waarden eins filme yn Almería, yn 'e regio Andalûsje, yn súdlik Spanje. Der waarden ek ferskate sênes opnommen op 'e Kanaryske Eilannen Fuerteventura en Tenerife

De Landmark Mall yn Alexandria, in foarstêd fan Washington, D.C., dêr't de sênes opnommen waarden wêryn't Wonder Woman ôfweefd mei in kwartet antykdieven.

De distribúsje fan Wonder Woman 1984 waard fersoarge troch Warner Bros. It wie oarspronklik de bedoeling dat de film op 5 juny 2020 útkomme soe, mar trochdat der doe y.f.m. de koroanapandemy in lockdown fan krêft wie, koe dat net trochgean. Nei ferskate kearen opskood te wêzen, gie Wonder Woman 1984 úteinlik op 25 desimber 2020 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. De film wie doe om utens yn ferskate lannen al sûnt 16 desimber yn 'e bioskopen te sjen. Yn 'e Feriene Steaten waard Wonder Woman 1984 tagelyk mei de premiêre ek beskikber makke fia de streamingtsjinst HBO Max. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 16 desimber 2020 by platemaatskippij WaterTower Music. Wonder Woman 1984 waard op 30 maart 2021 útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Wonder Woman 1984 mingde resinsjes. Sa skreau Jake Coyle fan parseburo Associated Press (AP) dat de film "sawol flauwer as mear reälistysk is as de Marvel-films" en dat de film beskikt oer "ambysjes […] dy't krekt bûten berik lizze". In pluspunt wie neffens Coyle wol dat Wonder Woman 1984 "nea foarbestimd of foarsisber oanfielt – in seldsume kwaliteit yn dit sjenre." Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times wie mylder en parte de film 31/2 fan 4 stjerren ta. Hy omskreau de film as "in klassike stripferhaalline oer in megalomane gek dy't de wrâld oerhearskje wol, mar der sit gauris in relatyf lichtsinnige toan oan".

Alonso Duralde fan TheWrap skreau: "Sels as it idee fan winsken […] net in konsept is dat alhiel gaadlik genôch is om in film op te bouwen oer de konfrontaasje tusken Wonder Woman en Lord, dochs leveret Wonder Woman 1984 in ferfrissendheid en in gefoel foar humor dy't gauris ûntbrekke yn sokke reuseftige kostúmheldedrama's." Yn 'e Britske krante The Guardian joech Peter Bradshaw de film 3 fan 5 stjerren. Hy skreau: "Gadot is tige yndrukwekkend, wylst Kristen Wiig de antagoniste is dy't de film stelt".

Regisseur Patty Jenkins en akteurs Chris Pine en Gal Gadot by it promoatsjen fan Wonder Woman 1984 op 'e San Diego Comic-Con fan 2018.

Manohla Dargis fan The New York Times wie min oer de film te sprekken en skreau: "Patty Jenkins sit wer efter de kamera, mar diskear sûnder [...] selsfertrouwen. Guon fan 'e problemen [fan dizze film] kinne beslist ophongen wurde oan it ûnynteressante, yninoar flânze skript, in rommeltsje fan flauwe grappen, narrative klisjees en twifelige polityk." Yn 'e San Francisco Chronicle priizge Mick LaSalle haadrolspylster Gal Gadot mei de wurden "har optreden hat weardichheid en […] emoasje". Neffens him wie sy it bêste oan dizze film. Dêr heakke er oan ta: "Se wie ek it bêste oan it earste diel, mar dat wie in treflike film. Dat is dit net. Hy fûn de oanklaaiïng faak wol moai, mar it wie, konkludearre er, "moaiens sûnder ynhâld".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Wonder Woman 1984 in goedkarringspersintaazje fan 58%, basearre op 451 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Dizze film wrakselet mei de oerbelêsting dy't ferfolchfilms eigen is, mar biedt dochs noch genôch libben eskapisme om fans fan 'e franchise en fan it klassike sintrale personaazje tefreden te stellen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Wonder Woman 1984 in goedkarringspersintaazje fan 60%, basearre op 57 resinsjes.

Wonder Woman 1984 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $46,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $122,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $169,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $200 miljoen betsjut dat in ferlies fan $30,4 miljoen, dêr't de marketingkosten nochris oerhinne komme. Foar in diel kaam dat troch de beheinings dy't oplein wiene oan bioskoopbesyk yn it ramt fan 'e lockdowns y.f.m. de koroanapandemy, en foar in part lei it deroan dat Wonder Woman 1984 ek tagelyk al útbrocht waard fia de streamingtsjinst HBO Max, dêr't it de populêrste film fan 2020 waard.

It Tinkteken foar Lincoln (en de byhear-rende Wjerspegelingsfiver) wie ien fan 'e opnamelokaasjes foar Wonder Woman 1984.

Wonder Woman 1984 wûn yn 2021 de Screen Actors Guild Award yn 'e kategory treflike groep stuntlju yn in film. De film waard ek nominearre foar (mar wûn net) de Critics' Choice Movie Award foar bêste special effects en de MTV Movie & TV Award foar bêste held (foar Gal Gadot). By de Nickelodeon Kids' Choice Awards waard de film nominearre yn 3 kategoryen en wûn er de priis foar favorite film.

Ferfolch en spin-off

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn jannewaris 2019 makke regisseur Patty Jenkins buorkundich dat se oan it senario foar in trêde film oer Wonder Woman wurke. Dy waard ein desimber 2020 formeel oankundige troch filmstudio Warner Bros., mar twa jier letter, yn desimber 2022, makke DC Films bekend dat de film skrast waard om't er "net paste" yn 'e plannen dy't de studio foar de DC Extended Universe-filmsearje hie.

Yn desimber 2019 makke Jenkins bekend dat der in film yn produksje nommen wie dy't in spin-off fan 'e beide films oer Wonder Woman wie. De film soe gean oer de Amazônes fan Themyscira. Jenkins wie as filmprodusinte oan it projekt ferbûn en net as regisseur. Yn jannewaris 2023 makke DC Films bekend dat der in tillefyzjesearje oer de Amazônes fan Themyscira op steapel stie, dy't Paradise Lost hjitte moast. De searje, yn 'e trant fan Game of Thrones, moat útbrocht wurde fia de streamingtsjinst HBO Max. It is net dúdlik oft de spin-off-searje de earder plande spin-off-film ferfangt of dat beide projekten los faninoar steane.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

DC Extended Universe (filmsearje)
Man of Steel (2013) • Batman v Superman: Dawn of Justice (2016) • Suicide Squad (2016) • Wonder Woman (2017) • Justice League (2017) • Aquaman (2018) • Shazam! (2019) • Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn) (2020) • Wonder Woman 1984 (2020) • Zack Snyder's Justice League (2021) • The Suicide Squad (2021) • Black Adam (2022) • Shazam! Fury of the Gods (2023) • The Flash (2022) • Blue Beetle (2023) • Aquaman and the Lost Kingdom (2023)