Springe nei ynhâld

Wolter Bonnema

Ut Wikipedy

Wolter Bonnema (Midwolde, 14 maart 1864 - Grootegast, 23 april 1930) wie in Nederlânske boargemaster.

Hy wie troud mei Frouktje Kooi. Sy hawwe twa bern krigen, Piter dy't al mei ien jier ferstoar en Renstje. Renstje Lieffering Bonnema is troud mei Jurjen Lieffering. Bonnema hie in krûdenierssaak oan de haadstrjitte yn Gruttegast en is yn febrewaris 1910 boargemaster fan Grootegast wurden. Hy soe dy funksje ferfolje oant er yn 1930 yn'e âldens fan 66 jier stoar.

Wolter Bonnema wie de boargemaster dy't fjouwer fjildwachters opdracht joech om Aaltje Wobbes ophelje te litten foar it yn de steek litten fan har bern. Sy wie ynlutsen by IJje Wijkstra, dy't op 18 jannewaris 1929 de fjouwer fjildwachters deaskeat.