Springe nei ynhâld

Fennek

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Woestynfoks)
fennek
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftrôfdieren (Carnivora)
famyljehûneftigen (Canidae)
skaaifoksen (Vulpes)
soarte
Vulpes zerda
Zimmermann, 1780
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De fennek (Vulpes zerda) of woastynfoks is in lytse foks dy't lânseigen is yn 'e woastinen fan Noard-Afrika en it Sinaïskiereilân. Syn meast ûnderskiedende skaaimerk binne syn ûngewoan grutte earen, dy't tsjinje om waarmte ôf te fieren en te harkjen nei ûndergrûnske proaien.

De fennek hat tige grutte earen en kin proaien ûnder it sân op tsientallen meters hearre.

De fennek is de lytste foks fan 'e wrâld en wurdt likernôch 25 oant 49 sm lang, wylst de sturt 20 oant 30 sm lang is. It hier fan 'e foks is gielbrún en it bist hat in wite búk en in swarte sturtpunt. Hy weaget 1 oant 1,5 kg. Opfallend binne syn grutte earen, dy't helpe om in proai te lokalisearjen en waarmte ôf te fieren. Yn it wyld wurde woastynfoksen meast 8 oant 10 jier, wylst se yn finzenskip 12 of sels âlder wurde kinne.

Fenneken binne nachtdieren, sliepe oerdeis yn harren hoalen en jeie benammen nachts. Harren hoalen binne meters lang en ha faak ferskillende útgongen. Se grave sa fluch dat it liket as se troch it sân opslokt wurde en dêrby treffe se somtiden ek proaien oan. Meastentiids jaget de fennek selsstannich en bliuwe de jongen by ien fan 'e âlders efter yn it hol. It iten bestiet út ynsekten, kjifdieren, skorpioenen, aaien, hagedissen, slangen, spinnen, lytse fûgels, beien en sied. Fijannen fan 'e fennek binne jakhalzen, grutte rôffûgels en de minske.

De fennek libbet yn 'e Sahara yn Noard-Afrika, fan Mauretaanje en de Westlike Sahara oant Egypte en Sûdaan. It eastlikste punt fan 'e fersprieding is it ta Egypte hearrende Sinaïskiereilân.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Se pearje fan jannewaris oant febrewaris. Mantsjes binne yn dy tiid agressiver en territoarialer. De draachtiid is 50 dagen en de yn 'e regel twa oant fiif welpen wurde yn maart of april berne. It mantsje soarget foar en nei de berte foar it iten, wylst it wyfke by de jongen bliuwt. It is ûntdutsen dat mantsjes en wyfkes foar langere tiid byinoar bliuwe, mar it is ûnwis oft dat permanint is. Yn 'e sûchtiid ferlit it wyfke it hol hast net en bewekket it mantsje de tagong.

De fennek stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (Least Concern) klassifisearre.

De fennek kin mei in soad soarch as hûsdier holden wurde. Sûnt 2017 wie dat yn Nederlân tastien as se yn finzenskip fokt wienen, it hâlden fan 'e soarte troch fangst út it wyld wie ferbean. Mei yngong fan 1 july 2024 stiet de fennek net mear op 'e Hûs- en hobbydierelist. Dat betsjut dat fenneken yn prinsipe net mear as húsdier tastien bine. Likemin de fok fan 'e soarte.

  • De Dútske fjildmaarskalk Erwin Rommel hie yn 'e Twadde Wrâldkriich as bynamme Der Wüstenfuchs (de woastynfoks).
  • Les Fennecs (Frânsk foar woastynfoksen) is de bynamme fan it Algerijnske nasjonale fuotbalalvetal.
  • De woastynfoks is it nasjonale dier fan Algerije.
  • De Fennek is in moderne pânserwein dy't û.o. troch Nederlân en Dútslân brûkt wurdt.
  • It Star Wars-personaazje Fennec Shand waard nei dizze foks ferneamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: