Woensdrecht (gemeente)
Woensdrecht Woeñzdrécht | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Woensdrecht is in gemeente yn Noard-Brabân. De gemeente hat 22.232 (1 jannewaris 2024) ynwenners op in oerflak fan 97,97 km² (wêrfan 0,31 km² wetter).
De gemeente leit yn it meast súdwestlike stik fan 'e provinsje tsjin 'e grins fan Seelân en de Belgyske provinsje Antwerpen.
Foar de nije gemeente Woensdrecht, dy't op 1 jannewaris 1997 oprjochte waard, wie der in lytsere gemeente mei deselde namme. It oerflak fan dy gemeente wie 33,25 km². De trije gemeenten dy't doe tafoege waarden wiene Ossendrecht, Huijbergen en Putte.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Woensdrecht bestiet út fiif plakken:
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne twa teoryën oer de oarsprong fan it earste diel fan 'e namme, woen. It plak kin nei in persoan neamd wêze. In twadde mooglikheid, alhoewol minder wierskynlik, is dat it plak ferneamd is nei de Germaanske oppergod Wodan. In drecht is in furde yn in rivier.
Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Woensdrecht en omkriten wiene yn 'e Twadde Wrâldoarloch strategysk wichtich fanwegen de lizzing tichteby de haven fan Antwerpen. Yn 'e Slach om de Skelde, ien fan 'e grutste operaasjes yn 'e Twadde Wrâldkriich, krigen Britske, Kanadeeske en Poalske troepen opdracht om de Westerskelde, de tagongsrûte nei Antwerpen, op 'e Dútsers te feroverjen. Yn 'e hjerst fan 1944 wie dat gebiet it toaniel fan in grutte slach, nammentlik de Slach by Woensdrecht. Om dy slach te betinken binne der ferskate kriichsmonuminten yn 'e gemeente oprjochte.
Fleanbasis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 'e gemeente leit de fleanbasis Woensdrecht, dêr't ek de ûnderhâldsôfdieling fan Fokker siet, dy't yn hannen fan GKN kommen is. Healwei de jierren 1980 waard it fleanfjild oanwiisd as it plak foar setten fan krúsraketten mei atoomkoppen, itjinge ta grutte lanlike protesten late. Troch de ûntwapeningspetearen tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny gyngen dy plannen lang om let net troch.
Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karakteristyk foar de gemeente Woensdrecht is de Brabânske Wâl, in sânplato fan 'e Belgyske grins yn it suden oant Steenbergen yn it noarden en oant de Wouwse Plantage yn it easten yn 'e gemeente Roosendaal. It gebiet is opmerklik fanwegen it grutte ferskaat oan lânskippen. De oergongen fan klaai nei sân, fan bosk nei heide en fan drûch nei wiet, meitsje it in unyk gebiet. It natuerlike hichte ferskil is opfallend. De helling ferskynt yn it lânskip by de grins mei Belgje by Ossendrecht en klimt nei +20 m NAP by Hoogerheide en Woensdrecht om dêrnei wer by Bergen op Soom en Halsteren leger te wurden en by Kladde (gemeente Steenbergen) út it lânskip te ferdwinen.
De súdkant fan 'e Brabânske Wal makket diel út fan it Grinspark Kalmthoutse Heide. It leit op 'e grins fan Belgje en Nederlân. Oan beide kanten fan 'e Belgysk-Nederlânske grins leit in oaniensletten stik natuer fan hast 60 km².
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It Kriichsmuseum Ossendrecht is in lytsskalich museum oer de Twadde Wrâldkriich, mei spesjaal omtinken foar de Slach om de Schelde en de Slach om Woensdrecht yn oktober 1944.
- Museum Den Aanwas is in streekmuseum yn in 17e-iuwsk gebou.
- It Museum Wings Over Woensdrecht yn Hoogerheide is ûnderbrocht yn it Aviolanda Aerospace Park en wijd oan 'e rike loftfeartskiednis fan 'e regio. De kolleksje omfiemet fleantúchûnderdielen, dokuminten, foto's en persoanlike ferhalen dy't de ûntwikkeling fan de loftfeart yn en om Woensdrecht beljochtsje. Spesjaal omtinken is der foar de perioade fan 'e Twadde Wrâldkriich, ynklusyf ynformaasje oer de Dútske besetting fan it fleanfjild en de befrijing troch de alliearden.
- It Wilhelmitemuseum is ûnderbrocht yn it poartegebou fan it eardere Wilhelmitekleaster en ferhellet oer de skiednis fan it kleaster en de betsjutting dêrfan foar de ûntwikkeling fan Huijbergen en omkriten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeenten yn Noard-Brabân | ![]() |
---|---|
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert | |
![]() ![]() ![]() |